Wrafke (De nêsttiid) Myn namme is Afke. Folút ‘Afke fan it Fryske Wetterlân’. Berne yn it Ljouwerter Âldlân op 1 april fan dit jier en dat is gjin grapke. Ik bin d’r ien fan seis; ik haw fiif bruorren. Harren nammen binne ek like Frysk as dy fan my. Wy binne lykwols net fan it Fryske ras mar Labradors fan it jachttype. Us mem wennet by Pyt & Emmy-en-dy. Sy hawwe al wol faker ris wat oan fokkerij dien, mar wy wiene ús mem har earste nêst. Mem is swart as de nacht, heit haw ik nea sjoen, mar hy moat in grutte blonde âldfader weze. Ien mei sterke genen want wy binne alle seis blond. Giel stiet op myn stambeam mar dat is gewoan net wier, ik bin eins foksbrún. Folle moaier! Ik haw in gouden tiid hân by Pyt en Emmy. De earste twa wike krijsto d’r net sa folle fan mei want wy leine allinne mar wat by ús mem oan it jaar te sobjen en fierders in protte sliepe fansels. En nei njoggen dagen geane dy de lûkjes iepen, mar dan sjochsto noch gjin poat foar d’eagen. Pas nei trije wike kinsto wat omskarrelje en krijsto ek ris wat oars as memmetate. Us mem wie ferskuorrende wiis mei ús en wy groeiden as koal. It alderlekkerst fûn ik sliepe op in grutte bult boppe op myn bruorren. Hearlik! Mar ik fûn it ek prachtich at de lytse faam oer de flier kaam om te boartsjen. Foaral doe’t wy wat letter mei moai waar ek yn ‘e tún omslaan mochten. En baas Pyt? Och, hy hat wol wat de namme fan in gnoarrepôt, mar hy wie sa grutsk op ús! Hy hat geweldich op ús past. It wie altiten sûkerskjin en wy krigen net allinnich fan dat lytsehûnefretten. Faaks hie Pyt guozzefleis of soksawat; dan slikken wy mekoar de bek ôf! Mar hy jage ús sa no en dan wol de skrik oan. Fansels wiene wy dêr gau klear mei. No ja, allinne myn broerke Epke hat ienris in healoere fan’t hynder west doe’t Pyt mei dat grutte lawaaiding stie te gûcheljen en te blazen, mar fierders stiene wy syn fiten. Tsjin de besite sei er dan dat er al drok oan it ‘sosjalisearjen’ wie. Ja hear... Mandeguod 49
52 Online Touch Home