53

Dy nêsttiid fljocht om. Doe’t wy seis wike wiene kaam de karmaster fan it Hûneferbûn. Dy besjocht dy en jout dy in dikke spuit yn ‘e nekke. Dan wurdsto in nûmer yn it grutte stambeamboek. In pear dagen letter krigen wy allegearre nochris in spuit fan myn nije baas. It sil wol goed foar ús wêze, mar om my hie dat net hoegd. Dernei hawwe wy noch in goed wike wakker wille meielkoar hân en mei Pinkster waard de iene nei de oare fan ús ophelle. Myn bruorren waard suver om tsierd, mar ik wie al fersein oan de frou fan de bistedokter. Har werkenbere stimme hie’k op 1 april al heard, doe moat se op kreambesite west wêze. Pyt hat har goedkard, oars hie hy my sels holden, sei er. En de bistedokter? Dy hat suver neat oan ús fertsjinne om’t wy út in sûn laach komme. Ik haw him dus allinne mar jild koste. Hy tinkt nammers dat er myn tinzen ferwurdzje kin. Hawar, ik lit him mar yn dy waan. Ik bin lykwols bang dat der mear ‘wrafkes’ folgje sille op www. bistedokter.nl Frysk yn de Mandeguod Mandeguod is in blêd dat foar en troch alle minsken yn Mantgum skreaun wurdt. Ferienings, ynstânsjes, de skoalle, it bernedeiferbliuw, de pjutten, privee persoanen: elkenien kin wat yn Mandeguod kwyt. Sa kin elk op ‘e hichte bliuwe fan útienrinnende saken dy’t yn en om Mantgum geande binne. Omdat Mantgum ek in doarp is mei ferskate minsken – en dêrtroch ek mei ferskate talen – stelle wy it op priis dat soks ek yn de Mandeguodstikjes nei foaren komt. Mei oare wurden: it is moai dat dy ferskate talen ek yn Mandeguod nei foaren komme. Allinne falt it ús hoe langer hoe faker op dat in protte artikels dy’t foar Mandeguod opstjoerd wurde yn it Nederlânsk skreaun binne. Spitich, want op dy wize komt de taal dy’t èk troch in protte minsken yn Mantgum sprutsen wurdt – it Frysk – net faak oan bod. Dêrom soe it moai wêze as jimme (diels) ek it Frysk brûke yn jimme artikels of nijsberjochten. En foar dyjinge dy’t bang is foar flaters: by de redaksje sitte goeie korrektors. Net allinne foar it Frysk, ek foar it Nederlânsk! Mandeguod 51

54 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication