Mantgumers sille bouwe yn Kenia, aksjes mei in “K” folgje letter! Tidens de Hassiebassie kuiertocht 2017 ûntstie it idee om nei Kenia te gean om der séls te bouwen. De Hassiebassie kuiertocht, wurdt organissearre troch stifting Doch Dyn Dream om jild yn te sammeljen foar sa’n 200 bern yn Kenia dy’t oars net nei skoalle kinne. De stifting bestiet sûnt 2013 en hat al in grut stik grûn oanskaft en der 2 skoalgebouwen, in keukengebou en toiletgebouwen delsetten (boud troch Kenianen). In tredde skoalFan de bern op de Doch Dyn Dream skoalle. gebou is winslik omdat alle groepen dan harren eigen lokaal ha kinne. By it kampfjoer nei ôfrin fan de Hassiebassie yn 2017 kamen al gau de praatsjes: “Kinne we der sels net hinne om te bouwen?”, “It soe dochs prachtig wêze om echt te sjen hoe’t se der libje, en bouwe”, ensafuorthinne. Tidens de lêste edysje, kamen deselde minsken nei ôfrin wer by elkoar sitten, dizze kear oan de bar fan de Wjukken. Der wie noch neat fan de plannen kommen en dat moast oars, no gean we écht! En sa waard begjin jannewaris de earste fergadering ynpland. Der foelen wat minsken ôf, der kamen wat minsken by en sa ûnstie úteinlik in groep fan 8 minsken, 3 Mantgumers en 5 út Easterwierrum dy’t as doel ha febrewaris 2020 nei Kenia te gean. 22 Mandeguod
25 Online Touch Home