11

Stichting Doch dyn Dream: De Skûtsje-priis út de Hassiebassie-ferlotting. Witte jim it noch? De haadpriis fan de ferlotting fan de Hassiebassietocht op Aldjiersdei? Dat wie in dei skûtsjesilen mei De Freonskip, it Blauhúster Skûtsje, en wy wûnen dizze prachtpriis. Op 14 augustus (ús troudei) koenen wy mei de bern yn de haven fan Heech opstappe op dit prachtige skûtsje. It like ynearsten in grutte driuwpartij te wurden, (wêr is Klaas Jansma te swearen as je ‘m nedich ha), mar ien kear op de mar krige it skip gong, mei de jonges oan it roer, de dochters oan de swurden, Thom by de fok en Mieke fansels de catering, as hienen we noait oars dien. Langs de Kninepôle, De Gouden Boaiem, it Heidenskip, de Gaastmar, alle tuorkes fan it wetterlân om ús hinne, prachtige loften en yn it noflike selskip fan de bemanning Hartman, Willem en Jappie, dy’t wy uteraard betanke ha mei in flinke flesse Hassiebassie. It wie in dei om noait te ferjitten, dêrfoar tank oan Peter Zijlstra dy’t dit regele hat, en Stichting Doch dyn dream. Ek yn dizze frjemde tiden stypje sy de bern yn Kenia. (Bankrekkennûmer: NL76 ABNA 0572 0781 29 op namme fan ‘Doch dyn Dream’.) Groetnis, Thom en Mieke Peenstra, Hoxwier. MANDEGUOD 9

12 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication