0

mandeguod mededelingen- en activiteitenblad van Mantgum 35e jaargang september 2020

Yoga Pilates Bodyflow studio Fitaal 06 420 122 03 Workshops en retreats Stoelshiatsu Ontspannings- Yogamassage Kijk voor meer informatie op studiofitaal.nl

INHOUDSOPGAVE Prakkesaasjes fan de redaksje De Wjukken weer open! Teater kollektyf “Griene Sippe” Nieuws uit de dorpskerk Stichting Doch dyn Dream Juf Ida’s ôfskie Van ‘Heel Holland Bakt’ naar ‘Gewoon Hidde’ WWC yn Aksje Filmhuis Mantgum 3 5 5 7 9 10 12 14 17 Ferhúsberjocht 17 Mededeling van de Gemeente Leeuwarden Wat hinget der by dy oan `e muorre? 19 21 Verenigingen 27 Activiteiten 28 Weekagenda 29 Instellingen 30 AED aanwezig Witte jim ..... dat??? OPROEP _ OPROEP Doarpsmienskip Mantgum Keatsen Jong Famme partij Mantgumer Midsimmerjûn De Bistedokter Afmetingen advertenties 30 31 31 33 39 44 51 56 Politie 56 Colofon 56 Omslagfoto Juf Ida nimt ôfskie fan de Pukkewjuk Het volgende nummer verschijnt voor 1 oktober 2020 Kopij inleveren uiterlijk de 14de van elke maand mandeguod@gmail.com www.mantgum.com MANDEGUOD 1

MANDEGUOD 2

Prakkesaasjes fan de redaksje “Bjoeoeoetiful houououses!” It sil yn de jierren njoggentich west ha dat der op sneontemoarns geregeldwei in ploechje fytsers mei allegear deselde blikkerjende helm op (yn dy tiid noch gjin gewoante) en deselde knalgiele fytstas achterop troch de buorren fytste. Amerikanen. De earste toeristen eins dy’t Mantgum op harren listke hiene. Neffens de ferhalen oefenen se fóár harren fytstocht earst wat op in leech parkearterrein, en dan gong it oan. Amerikanen binne net wend om te fytsen, en boppedat wie sa te sjen by de measten it jongste en it fluchste der al wat ôf. Mar foaruit: toeristen. Dy’t dus harren bewûndering foar ús doarp mei lûde stim ferkundigen. Wysels seagen der noch net safolle niget oan, mar troch de jierren hinne sjogge wy it moaie der ek wol fan yn: ek mei al dy grutte beammen dy’t it doarp ekstra oanklaaie. En al kamen op in stuit dy Amerikaanske fytsploechjes net mear troch de buorren – miskien dochs te âld wurden of deagewoan in oare rûte nommen – dat betsjut net dat der gjin toeristen mear troch Mantgum komme. Krekt oarsom: we sitte bytiden noch mar krekt oan ús moarnsiten of der kuierje al minsken mei rêchsekken foarby, fol goeie moed foar in hiele dei rinnen, ferûnderstelle wy. En dat binne net allinne mar Jorwerters dy’t in blokje om rinne: nee, net allinne Frysk en Nederlânsk heare wy foarbygean, faak genôch is it ek Ingelsk, Frânsk, of in taal dêr’t wy echt gjin lân oan fêst knoopje kinne. Mar oan de oare kant is it ek net ferwûnderlik: der binne ferskate kuierrûtes en fytspaden kreas útstippele en dy rûtes fiere jo fansels lâns de moaiste plakjes. Ek Mantgum is ien fan dy moaie plakjes. Sûnt in goed jier stiet op de trijesprong Skillaerderdyk-Seerp van Galemawei ek in ynformaasjeboerd oer it Sint Odulphuspaad. Moatst der efkes tiid foar nimme: nei 24 kilometer bedarrest yn Easterlittens, mar dan hast wol by moaie paden en doarpen lâns west. Troch hiel Fryslân steane de fyts- en kuierpadeknooppunten kreas oanjûn, en it is moai dat safolle minsken se brûke en genietsje fan de omjouwing. Dan ha we it noch net iens oer de boatsjefarders hân: geregeldwei lizze der ‘toeristeboatsjes’ by de Wjukken. Angeltsje mei, of ûnder it skaad fan de beammen efkes lekker lui wêze. Mar minsken, doch it jim oan tiid, want soms moatte wy dochs wol efkes glimkje as der in stel op de e-bike mei in needgong troch de buorren fljocht: hy foarop: “Moai doarp, hè!” en sy as in gek der achteroan jakkerje sûnder dat se de tiid kriget om efkes om har hinne te sjen… Ach ja, kinst nei fiere oarden fleane, mar hjir yn ús eigen omkriten is ek genôch te sjen en te dwaan. Ut namme fan de redaksje, Lys Scarse MANDEGUOD 3

maand aanbieding 750 gram iedere dinsdag bij de Poiesz in Mantgum van 15.30 tot 18.00 uur MANDEGUOD 4 kibbeling + saus voor e10,

De Wjukken weer open! Sinds 1 juni jl. is de Wjukken weer open. Het bestuur heeft zijn uiterste best gedaan om aan alle eisen en verplichtingen in het kader van het coronavirus te voldoen. Protocol geschreven, pijlen op de vloer zijn aangebracht, scherm bij de bar gemaakt en de tafels Op ‘e Clincke zijn anders ingedeeld om aan de 1,5 metereis te voldoen. De ruimtes in de Wjukken zijn coronaproof gemaakt, met uitzondering van de Freedkelder. De positionering van de Freedkelder maakt het niet mogelijk om hiervan gebruik te maken tijdens de coronacrisis. De ruimte is te klein, er kan geen sprake zijn van een gescheiden in- en uitgang en de trap is te smal. Maar gelukkig zijn alle overige ruimtes prima te bereiken. U bent van harte welkom. Namens het bestuur, Freerk Smidt WICHTICH NIJS FAN: Teater kollektyf “Griene Sjippe”!!! Troch it coronafirus en de regels fan ús regear kinne wy ús kabaretproduksje “Bûter, Brea en Sûre Molke” yn ferbân mei te min romte net yn de pleats sels spylje. Dêrom sille wy mei ús produksje: “Bûter, Brea en Sûre molke” yn èn om de pleats fan de famylje Galema te Wjelsryp spylje. In prachtige lokaasje, tusken de mânske beammen en de pleats. Foar kaarten sjoch op: www.grienesjippe.nl De nije útfieringsdatums binne: jûnsfoarstellings op 18, 25 en 26 septimber en 2 oktober. (3 oktober: besletten jûn LTO NW.) Oanfang jûnsfoarstellings: 20.15 oere. Snein 27 septimber in middeisfoarstelling om 15.00 oere. Plak: Bûten!Buorkerij, famylje A. Galema, Wjelsryp. Wy binne der klear foar en we ha der och sa’n sin oan! Oant sjen! Spilers, meiwurkers en bestjoer. MANDEGUOD 5

MANDEGUOD 6

Nieuws uit de dorpskerk van Mantgum & Skillaerd Iepenlofttsjinst op Skillaerd It wie prachtich simmerwaar op snein 9 augustus. Sa’n lytse 40 minsken kamen by elkoar ûnder it skaad fan de beammen. It tsjerkhôf fan Skillaerd is in bysûnder plak. Dûmny Willemien Keuning stie yn de tsjinst stil by de dierberen dy’t net mear ûnder ús binne. Der wie romte, rêst, in âld en aktueel ferhaal oer wetter en we koenen wer yn’e bûtenloft mei elkoar sjonge. De reaksjes nei ôfrin by it kofjedrinken wienen tige posityf. Dit koe wolris it begjin wurde fan in moaie jierlikse tradysje. We hâlde jimme fansels op’e hichte. Ochtendgebed en Kerkcafé in september De hele maand september is er elke zondagochtend een korte dienst in de Doarpstsjerke van Mantgum. Dit ochtendgebed bestaat uit ruimte, rust en eenvoud en is uiteraard toegankelijk voor iedereen uit het dorp en daarbuiten. De viering duurt ongeveer een half uur en begint om 9.30 uur. Aansluitend is er Kerkcafé, koffiedrinken en ruimte voor ontmoeting. Het Kerkcafé is open voor het hele dorp, ook als u niet bij de viering aanwezig bent. Voor kinderen is er een speelplek in de kerk. Fan herte wolkom! Ontvangt u graag onze twee wekelijkse nieuwsbrief, meldt u aan bij b.jilderda@gmail.com Of bel naar 058 289 85 02 dan bezorgen we de nieuwsbrief in uw brievenbus. Voor actuele informatie: www. pkn-mantgum.nl en Facebook Pagina Doarps-tsjerke Mantgum & Skillaerd Hartelijke groet namens de kerkenraad, Gudula van Beem MANDEGUOD 7

MANDEGUOD 8

Stichting Doch dyn Dream: De Skûtsje-priis út de Hassiebassie-ferlotting. Witte jim it noch? De haadpriis fan de ferlotting fan de Hassiebassietocht op Aldjiersdei? Dat wie in dei skûtsjesilen mei De Freonskip, it Blauhúster Skûtsje, en wy wûnen dizze prachtpriis. Op 14 augustus (ús troudei) koenen wy mei de bern yn de haven fan Heech opstappe op dit prachtige skûtsje. It like ynearsten in grutte driuwpartij te wurden, (wêr is Klaas Jansma te swearen as je ‘m nedich ha), mar ien kear op de mar krige it skip gong, mei de jonges oan it roer, de dochters oan de swurden, Thom by de fok en Mieke fansels de catering, as hienen we noait oars dien. Langs de Kninepôle, De Gouden Boaiem, it Heidenskip, de Gaastmar, alle tuorkes fan it wetterlân om ús hinne, prachtige loften en yn it noflike selskip fan de bemanning Hartman, Willem en Jappie, dy’t wy uteraard betanke ha mei in flinke flesse Hassiebassie. It wie in dei om noait te ferjitten, dêrfoar tank oan Peter Zijlstra dy’t dit regele hat, en Stichting Doch dyn dream. Ek yn dizze frjemde tiden stypje sy de bern yn Kenia. (Bankrekkennûmer: NL76 ABNA 0572 0781 29 op namme fan ‘Doch dyn Dream’.) Groetnis, Thom en Mieke Peenstra, Hoxwier. MANDEGUOD 9

Juf Ida’s ôfskie In begryp yn Mantgum en in hâldfêst foar generaasjes pjutten: Juf Ida. Hast 40 jier lang hat hja de Mantgumer pjutten opfongen, mei de pjutten songen, de pjutten ferhaaltsjes foarlêzen, de pjutten har triennen drûge as se efkes fertriet hiene, spultsjes dien mei harren, allegear wurkjes en tekeningen mei de bern makke – ja, wat net? 26 juny naam Juf Ida ôfskie fan it pjutteboartersplak ‘De Pukkewjuk’, mei in lunch yn de tún achter de Wjukken, mei om har hinne Henk, de bern en bernsbern, it bestjoer en oare liedsters fan de Pukkewjuk en in stikmannich freondinnen dy’t al dy 40 jier nau by Ida’s libben belutsen binne. Fan ferskate kanten waarden anekdoates en bespegelingen nei foaren brocht: fan de Pukkewjuk-organisaasje waard Ida lof taswaaid oer hoe’t hja alle feroarings fan pjutteboartersplakken en bernedeiopfang hannen en fuotten joech, hoe’t hja altyd ‘alfêst tsien stappen foarút tocht’, mei de tiid mei gong, mar dochs de tradisjonele húsbesites der yn hold. Ek de praktyske kanten fan Ida waarden humoristysk nei foaren brocht: koe in âlder net komme op de jierlikse himmeljûn, dan krige dy in bak mei boartersguod mei om thús skjin te meitsjen! Henk sjocht noch alle dagen de populêrens fan Juf Ida: even in blokje om mei Ida duorret faak twa kear sa lang omdat oeral ‘Dach Juf Ida’ klinkt en in praatsje kin dan fansels net útbliuwe. Ek de bern seagen de ‘foardielen’ fan in mem as pjutteliedster, want wat wie it moai om noch efkes mei har mei, om by dy reade glydzbaan del te rûtsen. En wie se in kear siik? Dan wie it foar de bern ek feest, want dan moast heit itensiede en dan waard it fansels: pankoeken! De Mandeguod-redaksje winsket Juf Ida in prachtige takomst en in soad frije tiid ta – en betanket Ida foar har ynset al dy jierren foar de pjutten en foar it doarp. De Mandeguod-redaksje MANDEGUOD 10

MANDEGUOD 11

Van ‘Heel Holland Bakt’ naar ‘Gewoon Hidde’ Hidde Jonker uit Mantgum breidt stapje voor stapje zijn professionele banketbakkerskwaliteiten verder uit. De opzichter van woningcorporatie Wonen Noordwest Friesland heeft een eigen Instagram-account en Facebook-pagina en bakt heel wat af voor deze en gene. Al doende komt hij barrières tegen om er vervolgens oplossingen voor te vinden. Want Hidde bakt nog wel even door. ‘Gewoon Hidde’ heet hij op zijn social mediakanalen waar hij recepten en zijn creatieve baksels deelt. Hij is op zijn eigen wijze bezig zijn eigen bedrijf vorm te geven en kan dat natuurlijk niet roekeloos doen vanwege een hypotheek en vrouw en twee dochters. Stapje voor stapje gaat de van Heel Holland Bakt uit 2016 bekende Mantgumer verder op het ondernemerspad. Gebak voor personeel MCL “Ik heb net een grote koelkast aangeschaft, want ik had te weinig koeling voor mijn producten”, zegt Hidde (40). Hij heeft onlangs voor ziekenhuis MCL in Leeuwarden heel wat lekkers gebakken om het zorgpersoneel een hart (gebakje) onder de riem te steken. “Dat soort dingen zijn gewoon ontzettend leuk om te doen. Dat doe ik dan niet uit commercieel oogpunt, maar gewoon vanuit mijn hart.” Waar hij in 2016 de lachers nog op zijn hand kreeg vanwege de mislukkingen bij zijn baksels die zo nu en dan smakelijk mislukten onder het oog van de camera’s, heeft hij vier jaar later flink bijgeleerd. “Ik heb de opleidingen Patisserie 1 en 2 bij Robèrt gevolgd, verschillende thema-cursussen, bij het Bakery Instituut in Zaandam een 4-daagse opleiding en ook verschillende cursussen gevolgd én de 20-daagse Patisserie-opleiding gevolgd.” Met die twintigdaagse in je pocket ben je volgens Hidde meer dan een hobbyist en zit je bijna tegen het echte bakkersniveau aan. Hij bakt dat het een lieve lust is, experimenteert volop en zijn collega’s bij de woningbouwvereniging Wonen Noordwest Friesland zijn er maar wat blij mee. “Wij kunnen er hier thuis met zijn vieren niet tegen eten, dus wat ik over hou zet ik in de kantine van het bedrijf neer. Ik laat de collega’s met een mailtje weten dat er weer wat staat en in een kwartiertje is alles meestal al weg.” MANDEGUOD 12

Uitbreiden zodra corona weg is Zodra de corona-perikelen weg zijn, wil Hidde zijn bedrijfje verder uitbouwen. Hoe of wat gaat op zijn Hidde’s, op zijn eigen wijze. Misschien kun je straks bij zijn garage aan huis lekkernijen op gaan halen die hij via de social media lokaal wereldkundig gaat maken, misschien gaat hij ook wel op bestelling heerlijke banketbakkersproducten maken. Volg zijn Insta en Facebook en je weet wat hij gaat doen. Brood bakken is ook een interessant onderdeel voor hem geworden. Mede omdat hij heeft gemerkt dat er op het gebied van gezond brood en darmvriendelijk brood nog wel wat eer te behalen valt. “Supermarktbrood wordt over het algemeen snel gemaakt, moet snel rijzen, wat ervoor zorgt dat mensen met gevoelige darmen last kunnen krijgen van de gluten. Als het brood meer tijd krijgt om te rijzen, is het al beter.” Verschillende desem-broden Hidde maakt verschillende soorten desem-brood, met verschillende vullingen en vindt het ook leuk om die aan de man en vrouw te brengen. Daar wil hij in de loop van de tijd best een vaste klantenkring van opbouwen, met zijn onlangs aangeschafte professionele deegkneedmachine. Vroeger twijfelde Hidde of hij de bouwwereld zou instappen of de bakkerijwereld. Het werd de bouw, maar het bakkersbloed borrelt steeds sterker. Mede dankzij zijn schoonmoeder met wie hij brood ging bakken waardoor zijn creatieve interesse weer werd gewekt. “Ze zeggen nu wel eens thuis: ben je alweer aan het bakken? Wat bak je veel. Maar het is ook zo ontzettend leuk en je kunt met de basisingrediënten zoveel verschillende producten maken puur door de samenstelling te veranderen, dat is ontzettend interessant.” Zijn granen haalt hij bij molens in Woudsend, Birdaard en Kropswolde. “Ik maak leuke dingen mee, heb Syb van der Ploeg en Wout Zijlstra ontmoet, ben door Friesland Post en Omrop Fryslân geïnterviewd, zat met Reitse Spanninga en Piet Paulusma in een oliebollenjury bij Omrop Fryslân: dat soort dingen zijn ontzettend leuk." Tekst overgenomen uit ‘Culinaire pagina van RondOm Leeuwarden’ MANDEGUOD 13

WWC yn Aksje Troch de koroanamaatregels stie alles fan de iene op de oare dei stil, ek by kuorbalklup WWC. Gjin treningen, gjin wedstriden en ek gjin gesellige neisit mear. Pas dan ûnderfine je dat kuorbaljen net allinne in sportive oangelegenheid is, mar ek in hiel sosjale. Mei in digitale tredde helte ynklusyf borrels en nútsjes, ha de spilers yn de lockdown elkoar dochs opsocht. Gelokkich mocht de jeugd yn maaie wer trene en koenen de senioaren dêrnei ek wer yn aksje. En sa hawwe we dochs it seizoen mei syn allen ôfslute kinnen mei in sportive middei mei patat-iten foar de bern en jûns in gesellige neisit nei de trening mei de senioaren. Spitich genôch moasten we ek de reüny fan it 75 jier bestean fan de klup útstelle. Mar it feest sil der oar jier net minder om wêze! Sa gau't de datum bekend is litte we jimme dat witte fansels. En no mar hoopje dat it firus ûnder kontrôle bliuwt en we nei de simmer neist it trenen ek wer wedstriden spylje meie. Us jierlikse aksjes stiene ek “on hold“. Mar ek dat pakke we nei de simmerfakânsje wer op, want spitigernôch kin WWC net bestean sûnder stipe út it doarp. Ald izer Op freed 25 septimber hâlde we wer ús âld izer aksje. Bewarje sa folle mooglik âld izer, lead en koper. As jo it spul op freed 25 septimber by de dyk sette dan komme wy it fan 18:00 oere ôf opheljen. Noflik dochs? Ha jo grut guod of leit it op in oar plak, nim dan kontakt op mei Hendrik Grunstra op 06-18413993. MANDEGUOD 14

(W)WC-rôlen-aksje Elts wit no hoe noflik in foarrie wc-papier is! We komme yn novimber by jo oan de doar mei wc-rôlen. Dit jier ha we neist wc-rôlen ek papieren bûsdoeken yn de ferkeap. “Hamsterje” mei by ús! Graach sels, dêr stypje jo ús kuorbalferiening mei. Grote Club Aksje Fan sneon 19 septimber ôf komme ús jeugdleden by jimme del mei lotten fan de 'Grote Club' aksje. Stypje de klup en meitsje kâns op prachtige prizen. Krystbeamen It liket nog fier fuort, mar by WWC tinke we al wer oan krysttiid en dan foaral oan krystbeammen. Ek dit jier hat de kuorbalklup wer moaie Nordmannsparren yn de ferkeap. Foarich jier binne se wat lyts útfallen, mar dit jier binne ús wer prachtige beammen tasein. Bestel ’m sa gau mooglik by Adelma@kv-wwc.nl Jiergearkomste Op tongersdei 17 septimber sil de jiergearkomste fan WWC pleatsfine om 20.00 oere yn de Wjukken. Kabouterkuorbal Nei de fekânsje sette we wer útein mei de kabouter-kuorbal-trening. Bêrn fan 4 jier ôf kinne sa boartsjendewei it kuorbaljen leare. Opjaan of mear ynformaasje: Dieuwke@kv-wwc.nl Wy winskje jimme noch in prachtige neisimmer en hoopje jimme ris op in sneon op it sportfjild te sjen by in wedstriid fan ús jeugdleden of senioaren. Hâld ús facebookside @KVWWC yn de gaten foar data en tiden. Groetnis, Bestjoer WWC MANDEGUOD 15

Pizza Food Truck Onze pizza`s worden ter plekke bereid met verse ingrediënten en gebakken in een steenoven. Iedere donderdagmiddag in Mantgum (bij de Poiesz). Van 17.00-19.00 uur. Bestellen kan telefonisch: 06-538 77 841 (v.a. 11.00 uur), of aan de wagen. www.sambrinipizzas.nl Menu kaart Margherita: tomatensaus, kaas, mozzarella, basilicum Verdura: tomatensaus, kaas, champignons, olijven, ui, knoflook, zongedroogde tomaatjes, mozzarella Quattro stagioni: tomatensaus, kaas, champignons, ham, olijven, artisjokken Vesuvius: tomatensaus, kaas, knoflook, olijven, jalapeño, pepers, spekreepjes, ei, mozzarella Salame: tomatensaus, kaas, salami Picanto: tomatensaus, kaas, salami, jalapeño pepers, champignons Pollo: tomatensaus, kaas, kipfilet, champignons, paprika, ui Della Casa: tomatensaus, kaas, zwarte olijven, knoflook, zongedroogde tomaatjes, spekreepjes, champignons, gorgonzola Hawaii: tomatensaus, kaas, ham, ananas Carbonara: tomatensaus, kaas, ham, salami, spekreepjes Prosciutto: tomatensaus, kaas, ham, paprika Shoarma speciaal: tomatensaus, kaas, shoarmavlees, ui, paprika Pescatore: tomatensaus, kaas tonijn, paprika, ui gorgonzola e 1,25 / vis e 2,25; bakje knoflooksaus e 1,00. MANDEGUOD 16 e 8,50 e 10,50 e 10,00 e 11,50 e 12,00 e 9,50 e 10,00 e 12,00 e 13,00 e 10,50 e 11,00 e 10,50 Sambrini: tomatensaus, kaas, champignons, paprika, ham, salami, spekreepjes, ui e 13,00 Shoarma: tomatensaus, kaas, shoarmavlees e 12,50 e 13,50 e 12,50 Naar wens kan de pizza met verse knoflook worden belegd en/of de rand met knoflookolie worden ingesmeerd. Extra kaas, groente, olijven, ei e 0,75; extra vlees, Quattro Formaggi: tomatensaus, kaas, mozzarella, gorgonzola, parmezaanse kaas e 12,00 Funghi: tomatensaus, kaas, mozzarella, champignons

Filmhuis Mantgum Na een langere pauze dan gebruikelijk starten we in september weer met de filmavonden. Wij houden rekening met de Corona maatregelen, iedereen kan op voldoende afstand van elkaar in de filmzaal terecht. Graag zien wij jullie weer terug! Het belooft een mooi seizoen te worden. Eerst draaien we de films die het vorige seizoen niet door konden gaan. Voor de rest van het seizoen zal een keuze gemaakt worden uit de lijst. In ieder geval hebben veel filmliefhebbers een voorkeur aangegeven en daar gaan we rekening mee houden! Op vrijdag 18 september draaien wij de film " Youth" Italië / Frankrijk / Verenigd Koninkrijk / Zwitserland, drama 124 minuten geregisseerd door Paolo Sorrentino met Michael Caine, Harvey Keitel en Rachel Weisz Lente. Fred en Mick, twee oude vrienden die de tachtig naderen, zijn samen op vakantie in een gezellig hotel aan de voet van de Alpen. Fred, een componist en dirigent, is gepensioneerd. Mick, een regisseur, is nog steeds actief. De twee vrienden weten dat ze niet veel tijd meer over hebben en kijken met nieuwsgierigheid en tederheid naar de verwarde levens van hun kinderen, de enthousiaste jonge schrijvers van Mick en de andere hotelgasten, die allen de tijd hebben waaraan het hen ontbreekt. En terwijl Mick een scenario afwerkt van een film waarvan hij denkt dat het zijn laatste belangrijke zal zijn, heeft Fred geen enkele intentie om terug te keren naar zijn muzikale carrière. Toch is er iemand die koste wat kost zijn composities wil horen en hem opnieuw een orkest wil zien leiden. Ferhúsberjocht Mefrou Annie Kobus, Tsjeintgum 2, 9022 BJ Mantgum, is ferhuze en hja seit hjirby alle lidmaatskippen fan de ferienings op. MANDEGUOD 17

MANDEGUOD 18

Op vrijdag 2 oktober draaien wij de film “Im Labyrinth des Schweigens “ (2014) Duitsland, drama, 124 minuten, geregisseerd door Giulio Ricciarelli met Alexander Fehling, André Szymanski en Gert Voss Duitsland aan het einde van de jaren vijftig. De economie kent hoge toppen, de mensen hebben opnieuw een goed gevoel en de gebeurtenissen van minder dan twintig jaar eerder verdwijnen langzaam maar zeker naar de achtergrond. Maar op een dag moet journalist Thomas Gnielka in Frankfurt voor de rechtbank verschijnen. In verband met een voormalig kampbewaarder van Auschwitz die als leraar schijnt te werken. Aanvang : 20.00 uur Entree: € 8 incl. consumptie Graag tot ziens in de Wjukken Met filmgroet van de filmcrew Mededeling van de Gemeente Leeuwarden Op 3 oktober gaat de gemeente Leeuwarden weer van start met Junior Energiecoach. Een leuk en leerzaam spel om op een leuke manier energie en geld te besparen. Er worden 50 gezinnen uit de gemeente Leeuwarden gezocht om gratis mee te doen aan het spel van Junior Energiecoach. Aanmelden of op zoek naar meer informatie? Kijk op www.juniorenergiecoach.nl. Inschrijven kan tot en met 27 september. Voor een schoner milieu en vollere portemonnee; ik doe mee! MANDEGUOD 19

MANDEGUOD 20

Een nieuwe Rubriek Wat hinget der by dy oan ‘e muorre? Dat kin keunst mei je dwaan Soms kuierest troch in museum en sjochst wat stean datst noch weromkenst fan foarhinne en dat dy efkes transportearret nei in oare tiid. Soms rinst troch in museum en sjochst in byld dat dy yntrigearret, dêr’st krekt wat langer by stean bliuwst as de gemiddelde 28,63 sekonden. Soms rinst troch in museum en tinkst ‘No, hjir hie ik mear fan ferwachte’ (wês earlik, dat bart ek!). En soms, hiel soms, strúnst troch in museum en stiest ynienen each yn each mei in skilderij dat dy kompleet opslokt, dy de siken ûntnimt en dêr’st samar in healoere foar stean kinst, de tiid ferjittend. Dat lêste barde my sa'n 15 jier lyn by it skilderij ‘Oude vrouw en jongen met kaarsen’, makke troch Peter Paul Rubens yn 1616-1617. As keunsthistoarika hear ik dêr fansels allegear yngewikkelde theoretyske ferhannelingen foar te hawwen. Oer de technyk fan it wurkjen mei ljocht en donker. Oer de relaasje mei it wurk fan de Italiaanske skilder Caravaggio. Oer de ikonografyske betsjutting fan de tsjinstelling tusken jong en âld. Oer it feit dat Rubens it wurk net foar de ferkeap makke, mar altyd by him hâlde. Mar minsken: soms fine je in skilderij gewoan moai! Dat is emoasje, dat is gefoel, dêr hat ratio neat mei te krijen. In âlde frou sjocht nei ûnderen en timperet mei har linkerhân it ljocht fan de brânende kears dy’t se MANDEGUOD 21

MANDEGUOD 22

yn har rjochterhân hâldt. It ljocht fan de kears skynt op har gesicht, fol mei rimpels dy’t littekens fan it libben lykje. De dikke streken farve dy’t Rubens brûkte, jouwe de rimpels letterlik en figuerlik ekstra djipte. Njonken har leunt in jonkje oer har skouder en hâldt in kears by harres om him oan te stekken. Ek syn gesicht fangt it ljocht, mar lit minder spoaren efter op de glêde hûd. Wa is dizze frou? Wat foar libben hat se hân? Wêr sjocht se nei, sa fersonken yn har tinzen? En wat is har relaasje mei it jonkje? Ik wie tankbar foar it bankje dat presys foar it skilderij stie: ik tink dat ik der wol in oere sitten ha, de earste kear dat ik it seach. It skilderij hinget yn it Mauritshûs in Den Haach, net hielendal tafallich neffens my ek it moaiste museum fan Nederlân (net tsjin myn baas by it Suderseemuseum yn Enkhuzen sizze hear). Skilderijen út de Gouden Iuw wurde dêr presintearre yn in gebou út dyselde tiid. Bekende topstikken as ‘Het meisje met de Parel’ fan Johannes Vermeer, ‘De Stier’ fan Paulus Potter en ‘De Anatomische les fan dr. Nicolaes Tulp’ fan Rembrandt hingje der boppe âlde lambrisearringen tusken swiere gerdinen, beljochte troch kroanluchters. Lykas se der yn har eigen tiid by hongen hawwe moatten. Doe’t ik studearre en yn Utert wenne, kaam ik der oates en toates. As freonen in dei op 'en paad woenen, stelde ik altyd hiel subtyl Den Haach foar. Nei in pear kear hiene sy myn ûnderlizzende motyf yn ‘e smizen, en gong ik der faaks allinnich hinne. Doe’t ik nei myn studzje werom kaam nei Fryslân, waarden de besykjes oan it museum oan de Hôffiver minder. Ik makke dan ek in lyts spronkje yn de museumwinkel doe’t ik der nei de wiidweidige ferbouwing fan it museum tusken 2012 en 2014 wer ris kaam. It assortimint posters wie útwreide, ûnder oaren mei mýn Rubens! As in soarte fan ôfgod naam ik de oprôlle poster yn de trein mei nei hûs, en de oare deis kocht ik in moaie list en hong ik it skilderij by my thús oan ‘e muorre. Ok, in poster is fansels net it échte skilderij. Mar as ik de eagen wat tichtknyp, sjoch ik de dikke farvestreken fan Rubens, rûk ik de omjouwing fan it Mauritshûs en waan ik my wer efkes op dit prachtige plakje yn Nederlân foar dit magistrale masterwurk en sit ik samar wer in healoere op dat bankje. Noch altyd. Dat kin keunst mei je dwaan. Noch in tip foar de bern is it boek ‘Opgesloten!’ fan Lizette de Koning. It is in soarte fan ‘Night at the Museum’ yn it Mauritshûs. In alderaardichst ferhaal mei leuke histoaryske feitsjes oer de sântjinde iuw, en sawat alle skilderijen yn it museum spylje der in rol yn. En dan fansels dêrnei, mei it boek yn 'e hân, in besite oan it museum! We fiere ommers allegear fakânsje yn eigen lân dit jier. Henny Tuinhout-de Leeuw MANDEGUOD 23

Eef Heinhuis - ervaren trainer Mindfulness categorie 1 MBSR - MBCL - IMP Zenmeditatie Meer weten? Telefoon: 0612822712 eefheinhuis@8je.nl - www.8je.nl Dokter Fokkewei 10/12, Mantgum MANDEGUOD 24

MANDEGUOD 25

MANDEGUOD 26

Vereniging Verenigingen Contactpersoon Biljartvereniging Mantgum Bridgeclub Doarpsmienskip Mantgum Fûgelwacht Mantgum Gymnastiekvereniging Weidum Herensociëteit Vriendenkring Iisclub De Twa Doarpen M. Visser J. W. Verhoef S. Dijkstra K. Bosma Muziekvereniging Harmonie Weidum J. de Boer J. van der Werf Jeu de Boulesvereniging Wjukslach G. Kuperus Keatsferiening Jacob Klaver Korfbalvereniging WWC Loopgroep Rûnom Mantgum Mantgum Leeft Mannenkoor Mantgumer Maten Mantgumer Tennisclub Merke Commisje Mantgum D. Lont Maaike Kuipers B. Stienstra Jant van Dijk Telefoonnummer (06) 100 579 01 (058) 250 18 13 (06) 423 242 06 doarpsmienskip@mantgum.com E. van der Hem info@harmonieweidum.nl S. Cnossen (058) 251 96 81 (058) 251 93 93 (058) 251 94 02 (058) 250 15 97 (058) 250 11 44 (058) 250 40 97 (06) 130 43 474 (06) 204 94 345 (06) 512 21 165 06-14411680 mantgumleeft@gmail.com J. Noorman P. Kuipers Fam. Nutma Ondernemersvereniging Mantgum W. Fopma Oudercommissie De Gielguorde Resitearkolleezje Frisia 1874 Soos 60+ Speeltuinvereniging De Pôle Stichting Freed Stichting Wjukken Uitvaartvereniging De Laatste Eer Voetbalvereniging Oosterlittens Werkgroep Historie Mantgum Wietwetterklup R. Heida J. Nijboer G. Terpstra D. Ottema ocgielguorde@gmail.com Frisia1874@gmail.com (058) 250 26 75 (058) 255 25 85 (058) 250 1090 Bestuur@wjukken.nl (058) 822 27 63 (058) 250 14 34 (058) 250 13 09 (058) 250 10 38 (058) 254 20 51 R.W. Steensma R. de Groot MANDEGUOD 27 (06) 150 47 798 (058) 250 22 41 (058) 850 63 92 (058) 250 20 26

Activiteiten Maand september Dinsdag 1-sep Zaterdag Zaterdag Zaterdag Zaterdag Zaterdag Zaterdag Zondag Zaterdag Zaterdag Zondag Vrijdag Vrijdag Zaterdag Zaterdag Zaterdag Zaterdag Zaterdag Zaterdag Zondag Vrijdag Zaterdag Zaterdag Zaterdag Zondag Zondag Jaarvergadering Duorsum Mantgum 5 sept Korfbal: WWC F1 - CSL F2 5 sept Korfbal: WWC E2 - Leeuwarden E1 5 sept Korfbal: WWC B1 - NQL B1 5 sept Korfbal: WWC 3 - MN en W 1 5 sept Korfbal: WWC 1 - Veenwouden 1 5 sept Korfbal: WWC 2 - DTL 2 Ochtendgebed en kerkcafé 6-sep 12 sept Korfbal: WWC E1 - Pallas ‘08 E1 12 sept Korfbal: WWC D1 - Joure D1 13-sep Ochtendgebed en kerkcafé 18-sep Filmhuis: Youth, 124 min, drama 18-sep Teater kollektyf ‘Griene Sjippe’ spilet “Bûter, Brea en Sûre molke” 19 sept Korfbal: WWC E2 - Olympia (T) E2 19 sept Korfbal: WWC E1 - Heerneveen E2 19 sept Korfbal: WWC B1 - Pallas ‘08 B1 19 sept Korfbal: WWC 3 - Pallas ‘08 4 19 sept Korfbal: WWC 1 - De Pein 1 19 sept Korfbal: WWC 2 - De Pein 2 20-sep Ochtendgebed en kerkcafé 25-sep Teater kollektyf ‘Griene Sjippe’ spilet “Bûter, Brea en Sûre molke” 26-sep Teater kollektyf ‘Griene Sjippe’ spilet “Bûter, Brea en Sûre molke” 26 sept Korfbal: WWC E1 - Waterpoort E1 26 sept Korfbal: WWC D1 - KINEA D2 27-sep Teater kollektyf ‘Griene Sjippe’ spilet “Bûter, Brea en Sûre molke” Donderdag 1 okt Vrijdag Vrijdag 27-sep Ochtendgebed en kerkcafé 2 okt 20.00 uur MFC De Wjukken 09.00 uur Sportveld Mantgum 10.00 uur Sportveld Mantgum 11.00 uur Sportveld Mantgum 12.15 uur Sportveld Mantgum 13.45 uur Sportveld Mantgum 15.15 uur Sportveld Mantgum Mariatsjerke, Mantgum 09.30 uur 09.30 uur Sportveld Mantgum 10.30 uur Sportveld Mantgum Mariatsjerke, Mantgum 09.30 uur 20.00 uur MFC De Wjukken 20.15 uur (Bûten, rûnom de buorkerij fan de famylje A. Galema, Wjelsryp) 09.00 uur Sportveld Mantgum 10.00 uur Sportveld Mantgum 11.00 uur Sportveld Mantgum 12.15 uur Sportveld Mantgum 13.45 uur Sportveld Mantgum 15.15 uur Sportveld Mantgum Mariatsjerke, Mantgum 09.30 uur 20.15 uur (Bûten, rûnom de buorkerij fan de famylje A. Galema, Wjelsryp) 20.15 uur (Bûten, rûnom de buorkerij fan de famylje A. Galema, Wjelsryp) 09.30 uur Sportveld Mantgum 10.30 uur Sportveld Mantgum 15.00 uur (Bûten, rûnom de buorkerij fan de famylje A. Galema, Wjelsryp) 09.30 uur 2 okt Teater kollektyf ‘Griene Sjippe’ spilet “Bûter, Brea en Sûre molke” Mariatsjerke, Mantgum Alg. ledenvergadering Dorpsbelang Mantgum 20.00 uur MFC De Wjukken Filmhuis: Im Labyrinth des Schweigens (Bûten, rûnom de buorkerij fan de famylje A. Galema, Wjelsryp) Oud papier wordt 13 keer per jaar opgehaald. U kunt deze data terugvinden op de afvalkalender 2020 van Omrin. De data zijn ook te vinden op de Omrin-website. https://www.omrin.nl/bij-mij-thuis/services/afvalkalender. Of Googlen naar Afvalkalender Mantgum. Urker Vishandel Pizzabakker MANDEGUOD 28 iedere dinsdag iedere donderdag 15.30-18.00 uur, bij de Poiesz 16.30 uur, bij de Poiesz 20.00 uur MFC De Wjukken 20.15 oere

Weekagenda maandag Bloedprikken huisartsenlaboratorium 09.00 - 09.15 uur, mfc Wjukken AMV 15.30 uur, OBS de Gielguorde fanfare ’Harmonie Weidum’ Mantgumer Maten Yoga Zenmeditatie dinsdag Peuteropvang ‘de Pukkewjuk’ Judo, 4 t/m 7 jaar Judo, 7 t/m 8 jaar Judo, 8 t/m 9 jaar Judo, 10 jaar en ouder Bootcamp Medische fitness woensdag Peuteropvang ‘de Pukkewjuk’ Kaartmiddag Biljarten 60+ Bodyflow, Studio Fitaal Pilates, Studio Fitaal Malletband ‘Harmonie Weidum’ donderdag Peuteropvang ‘de Pukkewjuk’ Pianoles Kids swing 4 t/m 7 jaar Funky kids 7 t/m 10 jaar Modern dance 10 jaar en ouder Fifty + fit. door Sander Hageman Jeu de boules competitie Clinic beginnen met Hardlopen Yoga Yoga, YogaRutger vrijdag Peuteropvang ‘de Pukkewjuk’ Bridgen Pilates, Studio Fitaal 19.30 - 21.00 uur, dorpshuis Weidum 20.00 uur, mfc Wjukken 19.00 - 20.30 uur, fysiopraktijk Sybesma 19.45-21.30 uur, Dokter Fokkewei 08.15 - 12.15 uur, mfc Wjukken 15.45 - 16.30 uur, gymzaal 16.30 - 17.15 uur, gymzaal 17.15 - 18.05 uur, gymzaal 18.05 - 19.00 uur, gymzaal 19.30 uur start bij het plein van MFC De Wjukken 19.00 - 20.30 uur, fysiopraktijk Sybesma Yogalessen Marian Ypma/Studio Fitaal 19.45-20.45 uur Basisschool Mantgum 08.15 - 12.15 uur, mfc Wjukken 14.00 - 16.00 uur, mfc Wjukken 14.00 uur mfc Wjukken 18.45 - 19.40 uur, basisschool De Gielguorde 19.45 - 20.40 uur, basisschool De Gielguorde 19.30 - 21.30 uur, dorpshuis Weidum 08.15 - 12.15 uur, mfc Wjukken 14.50 uur - 21.30 uur, mfc Wjukken 15.45 - 16.30 uur, gymzaal 16.30 - 17.15 uur, gymzaal 17.15 - 18.05 uur, gymzaal Gymnastiekzaal Mantgum 19.30 uur 19.30 uur, stal fam. Odinga Skillaerd 19.30 uur, bij mfc Wjukken 19.00 - 20.30 uur, fysiopraktijk Sybesma 20.00 - 21.00 uur, basisschool De Gielguorde 08.15 - 12.15 uur, mfc Wjukken 14.00 - 17.30 uur, mfc Wjukken 09.00 - 09.55 uur, Dorpshuis Weidum Vrouwen in beweging (gymnastiek 55+) 09.15 -10.15 uur, mfc Wjukken Vrouwen in beweging (gymnastiek 55+) 10.30 -11.30 uur, mfc Wjukken Biljartcompetitie 19.30 uur, Café Bonnema zaterdag Bootcamp 09.00 uur start bij het plein van mfc De Wjukken MANDEGUOD 29

Instelling Buitenschoolse opvang De Vrijbuiters Kinderopvang It Flinterke Diëtistenpraktijk Leuk op Gewicht Dokterswacht Friesland Fysiotherapiepraktijk Mantgum Instellingen (088) 035 04 00 Peuteropvang ‘De Pukkewjuk’ (‘Kids First’) Mantgum Foar Inoar (088) 035 04 00 (088) 035 04 00 foarinoar@mantgum.com (06) 18 33 90 61 (0900) 112 71 12 (058) 250 14 14 Contact Contactpersoon E. Hartvelt E. Hartvelt E. Hartvelt C. Bruinsma J. Sybesma Apotheekhoudende praktijk H.B.Bergwerff, huisarts 0517-341272/0517342726 H.B. Bergwerff praktijkbergwerff@ezorg.nl apotheekbergwerff@ezorg.nl (058) 763 45 13 Gastouderopvang It Swânnennest Gastouderopvang Seerôvers en Lânrotten Gastouderopvang Us Wouterkes Logopediepraktijk Mantgum Studio Fitaal YogaRutger Doarpstsjerke Mantgum & Skillaerd Sportcentrum Akkermans Tandartsenpraktijk Mantgum Mindfulnesstraining en zenmeditatie Gemeente Leeuwarden, klein leed K.lycklemaennijeholt@upcmail.nl (058) 250 15 23 (058) 250 19 52 (058) 250 13 63 (06) 270 649 94 (06) 420 122 03 info@yogarutger.nl (06) 519 689 90 rsdegroot@terphus.nl (0515) 42 56 12 (058) 250 17 81 (06) 128 227 12 (058) 257 66 66 G. van der Heide J. Wijnja R. van der Veen A. Wijnstra M. Ypma Rutger Feitsma R. de Groot V. Akkermans Eef Heinhuis Gezondheidscentrum It Kleaster Waar zijn in Mantgum AED’s aanwezig? MFC Wjukken (dag en nacht) hoofdingang gebouw Poiesz Supermarkt, alleen tijdens openingstijden Fysiotherapie Jelle Sybesma, werkdagen 08.00 - 18.00 uur Wat te doen bij een incident: eerst 112 bellen. MANDEGUOD 30

Witte jim dat… … de datums fan it Filmhuis foar it seizoen 2020-2021 al ynpland binne? It is de bedoeling dat der in film draaid wurdt op: 18 septimber, 2 en 23 oktober, 6 en 20 novimber, 15 en 29 jannewaris, 12 febrewaris, 26 febrewaris = filmnight, 12 en 26 maart. Witte jim dat... ... der yn in folgjende Mandeguod in moai ynterview mei Juf Ida publisearre wurdt? Fakânsjes ha der foar soarge dat alles in bytsje opskood is nei in letter tiidstip. OPROEP – OPROEP – OPROEP – OPROEP Al meer dan 10 jaar is Frits Sieperda de vormgever van Mandeguod: hij verzorgt de opmaak, de layout, maakt een mooi geheel van de teksten en de foto’s, of hij zoekt passende foto’s bij een tekst, kortom: de Mandeguod ziet er altijd zo mooi uit dankzij Frits! Maar… Frits wil graag weer wat meer tijd aan andere zaken besteden, en daarom heeft hij aangegeven dat hij er aan het eind van dit jaar mee stopt. Daarom zoeken wij iemand die dit (vrijwilligers)werk van Frits wil overnemen. Wil je weten wat het werk allemaal inhoudt, dan kun je Frits mailen (fjsmandeguod@gmail.com) of je kunt contact opnemen met de redactie van Mandeguod (mandeguod@gmail.com). De redactie van de Mandeguod MANDEGUOD 31

zorgvuldig en met aandacht Dag en nacht bereikbaar T 0566 60 29 22 www.dejonguitvaartzorg.n .nl nl I www.dejonguitvaartzorg.nl MANDEGUOD 32

Doarpsmienskip Mantgum Uitnodiging Jaarvergadering 2020 Het bestuur van Doarpsmienskip Mantgum nodigt hierbij de inwoners van Mantgum van harte uit voor deelname aan de Jaarvergadering, tevens de Algemene Ledenvergadering. De jaarvergadering van Doarpsmienskip Mantgum vindt dit jaar, uiteraard onder voorbehoud van verdere Covid19 ontwikkelingen plaats op donderdag 1 oktober; 20:00 uur in De Wjukken. De agenda en overige stukken volgen in september op de website: www.mantgum.com. Belangrijk: Vooraf opgeven zal nodig zijn om alles volgens de geldende voorschriften te laten plaatsvinden. Opgave kan per mail (doarpsmienskip@gmail. com) of schriftelijk (De Dobbe 3h). We hopen iedereen op 1 oktober in goede gezondheid op anderhalve meter afstand te mogen begroeten. Doarpsmienskip Mantgum Bestjoer en ledegearkomst Nije datum ledegearkomst: 1 oktober 2020 It hat wat in nuvere perioade west fan maart ôf. Ynienen lizze bepaalde saken stil e/o oare saken gean op in justjes oare wize troch. De ledegearkomst koe net trochgean en dizze ha we foarearst ferset nei kommende 1 oktober. Hâld de webside www.mantgum.com yn ‘e gaten oer hoe ’t it komt. It kin nammentlik wêze dat we mei digitaal oanmelden wurkje moatte. En as we dochs in twadde golf krije kin it ek sa mar wer oars wurde. It soe moai wêze as we dan ek wat nije bestjoersleden presintearje kinne. Dêrom ús fraach oan dy/jo: kom ús helpen om de ferkillende saken te regeljen foar Mantgum! Foar mear ynformaasje kinne je kontakt opnimme mei Sipke Dijkstra (foarsitter). It bestjoer hat it foarnimmen de ‘dorpsvisie 2015-2020’ mooglik te brûken foar in langer skoft. Op de ledegearkomst hearre we dan ek graach fan jimme hokMANDEGUOD 33

MANDEGUOD 34

ker parten we hâlde kinne, hokker in ‘update’ nedich ha en as der ek parten fuort litten wurde kinne. Op de webside stiet de ‘Dorpsvisie 2015-2020’. De aginda en oare stikken komme ek op de webside te stean. Sporten Kuorbalferiening It bestjoer fan Doarpsmienskip Mantgum wol har lokwinsken oerbringe oan de kuorbalferiening. KV-WWC bestiet dit jier 50 jier! In heale iuw! Spitigernôch kin it dit jier net sa fierd wurde as dat men it earst betocht hie. Mar dat sil aanst wol ynhelle wurde. Noch ris lokwinske! Fuotbalgoals En fan kuorbal komme we op fuotbal. De jongerein yn ús doarp hie in skofke tebek de fraach by Doarpsmienskip Mantgum dellein oft der ek in pear echte fuotbalgoals op it sportfjild efter de Wjukken komme koene. Omt it fjild net fan it doarp is, mar fan BV Sport (de behearder fan sportfjilden, -sealen en -hallen yn ‘e gemeente Ljouwert), moasten we yn oerlis oft en hoe’t we dit realisearje koene. It bestjoer hat jild beskikber steld en der wurdt mei de jongerein ôfpraat dat se har part bydrage sille. Dat sil ûnder oaren barre troch ynset foar ús doarp. Troch BV Sport is der in gedoogkonstruksje makke omdat it net yn ferieningsferbân plak fynt. De ôfspraken binne: Sportferienings ha it earst rjocht fan plak; It fjild moat der net te swier ûnder te lijen ha; Nei it brûken moatte de goals fan it gers ôf riden wurde (yn ferbân mei it meanen); Elk hâldt rekken mei in oar en we hâlde de omjouwing skjin; Doarpsmienskip Mantgum is it oansprekpunt foar BV Sport; As der klachten binne hat BV Sport it rjocht de gedoogkonstruksje op te sizzen. In protte (jonge) ynwenners ha de goals ûnderwilens ûntdutsen. Yn dizze fakânsjetiid, wêryn in protte bern langer thús fakânsje hâlden, waard op guon dagen moarns om tsien oere al fuotballe en jûns om njoggen oere noch. Sportfjild En no’t we op it fjild binne: nei oanlieding fan in tip fan de kuorbalferiening hat Doarpsmienskip Mantgum oerlis mei BV Sport oer in oare rekkenwize foar de hier. We hoopje nei de fakânsje der mear oer fertelle te kinnen. MANDEGUOD 35

MANDEGUOD 36

Doarpsbudzjet It plan wie yn april op ‘e ledegearkomst de ferdieling fan it doarpsbudzjet foar te lizzen. En om’t wy begripe dat it foar in oantal ferienings wol noflik is dat se witte wêr’t se oan ta binne, ha we besletten in grut part fan it jild al ta te wizen en út te kearen. Op ‘e ledegearkomst sille we hjir ferslach fan dwaan. Wenjen Op de ledegearkomsten fan de ôfrûne jierren ha we it al ferskate kearen oer it bouwen fan nije hûzen hân. Yn de doarpsfisy stiet der ek it ien en oar oer. Yn de foarige gemeente waard oanjûn dat der net folle kontinginten (rjochten om te bouwen) beskikber wiene foar de doarpen. Op de lêste iepenbiere byienkomst fan it CPO hat dit ek oan de oarder west. Want by guon minsken is der de soarch dat as it CPO 12 rjochten krije soe, der foarearst neat beskikber komme soe foar oare plannen. Dy jûn koe der ek net daliks dúdlikens oer jûn wurde. Doarpsmienskip Mantgum hat dêrom yn petear west mei de gemeente Ljouwert en ús is sein dat der foar Mantgum op dit stuit njonken de 12 rjochten foar it CPO der noch ris 15 rjochten foar twa lokaasjes op ‘e planke lizze. Binne der goeie bouplannen wêr’t ferlet en draagflak foar is, dan wol de gemeente altyd mei ús sjen wat de mooglikheden binne. It CPO hat ûnderwilens in ‘voorontwerp bestemmingsplan’ oanfrege. Doarpsmienskip Mantgum hat de plannen njonken de ferskate ûnderdielen fan de doarpsfisy holden en wy ha de gemeente witte litten dat op grûn dêr fan wy de plannen stypje. De soargen fan guon Mantgumers oer hoe’t it passe sil by ús moaie doarp begripe we en we ha it CPO ek frege dêr goed rekken mei te hâlden. Wat wenningen foar bygelyks de jonger- en âlderein oangiet binne we foarearst ôfhinklik fan wenningboukoöperaasjes. En dy ha de ôfrûne jierren oanjûn gjin rol yn de doarpen te sjen. De gemeente Ljouwert hat koartlyn wat nije ideeën oer wenjen presintearre. Dat jout ús hooplik mooglikheden op dit mêd ek plannen ûntwikkelje te kinnen. Wa’t ideeën hat is wolkom. Ferljochting De gemeente Ljouwert hat it plan de ferljochting yn ús doarp oan te pakken. En dat wolle se graach dwaan mei ynbring fan ús doarp. No ûntfongen wy de tekening earst oer de mail. Mar omdat wy allinnich op A4 printsje kinne wie it wat lestich der sjûkelarje fan te meitsjen. Heal augustus ha we de A0-ôfdrukken (hiele grutte tekeningen) ûntfongen. It idee is dat der ferskate armaturen brûkt wurde passend by de strjitte. Wa’t der wat oer sizze wol kin him/har melde by ien fan de bestjoersleden. Dan kinne we in tydlike wurkgroep gearstalle foar advys oan ús. Doarpsmienskip Mantgum MANDEGUOD 37

MANDEGUOD 38

Grins wint foar tredde kear op rige de Jong Famme partij Oan de hân fan in sterke Anne Monfils wie it keatsferiening Grins dy’t op de santjinde Jong Famme partij de winst nei har ta luts. Oer de hiele dei sjoen, hienen de froulju fan de ‘De Sterke Earm’ mar sân earsten tsjin en dan kinst wol sizze datst de terjochte winner bist. Foar Hiske Zeinstra en Anne Monfils wie dit al de tredde kear op rige dat se de sjampanje oan de ein fan de dei ûntkoarkje mochten. Yn de twa foarige edysjes dienen se dat mei Marrit Zeinstra, dit jier wie dat mei Aletta van Popta. Troch de ferwachte waarmte wie yn it foar it beslút nommen om de partij om 9 oere te starten. Dat wie in goede kar, want dy ferwachtingen waarden wier. Op it smûke keatsfjild tusken de beammen wie net folle wyn te fernimmen en yn kombinaasje mei in fûle sinne soarge dit der foar dat de temperatuer oant ekstreme hichten rikke koe. Lokkigernôch hie de keatsferiening yn gearwurking mei tintebouwer en stiper Wiersma der foar soarge dat der in pear tinten om it fjild stienen, sadat der wol wat plakjes wienen dêr’st yn it skaad sitte koest. De organisaasje fertsjinnet wat dat oanbelanget wol de kompliminten, want njonken de foarsoarchsmaatregels om de waarmte hinne, hienen sy fansels ek te dwaan mei de regels en fergunnningen om it koroanafirus hinne en alles wie prima foar elkoar. Krekt nei ’t de earste partoeren los wienen, krigen wy it tryste berjocht dat âldfoarsitter Popke van der Zee dy moarns stoarn wie. Popke wie ien fan de MANDEGUOD 39

Met hart voor dieren, in het hart van Fryslân Voor spoedgevallen 24 u./7d. bereikbaar. Oedsmawei 13, 9001 ZJ GROU Tel. 0566 - 60 14 64 E-mail: info@dierenartsgrou.nl Websites: www.dierenartsgrou.nl en www.bistedokter.nl Telefonisch spreekuur: maandag t/m zaterdag van 8.00 - 9.30 u. Spreekuren gezelschapsdieren uitsluitend op afspraak! Balie geopend: Maandag t/m vrijdag: 8.00 – 18.00 u. en zaterdag: 8.00 – 9.30 u. MANDEGUOD 40

initiators en mei-oprjochter fan de Jong Famme partij. Dêrnei hat er ek noch belutsen west, sa hie Popke twa jier lyn doe’t er al siik wie, noch wedstriidlieder west fan de partij. Foarôfgeand oan de finale ha wy in minút stilte yn acht nommen om it libben fan Popke te betinken. Op de list stienen dit jier 17 partoer. Grutte favoryt foar de einoerwinning wie Wommels mei haadklasse keatsters Martzen Deinum en Sjanet Wijnia tegearre mei earste klasse keatster Rixt Wijnia. Dochs koe Wommels net oertsjûgje yn Mantgum. Se kamen noch wol yn de heale finale. Yn de earste omloop wûnen se fan Jirnsum, de twadde omloop bleaunen se stean, dêrnei wûnen se fan Seisbierrum-Pietersbierrum, mar yn de heale finale tsjin in sterk Makkum oer, kamen se krekt te koart. De Makkumers keatsten de hiele dei deeglik mei de nichtsjes Larissa en Anouk Smink yn it perk en in sterke Kim Dijkstra oan de opslach. Tsjin Wommels keatsten sy ek sterk en kamen dêrtroch mei 4-2 yn earsten foar te stean. Yn it dêrop folgjende earste kaam Wommels op in 6-4 foarsprong en like wer oan te sluten, mar troch in bûtenslach fan Martzen Deinum en in knappe boppeslach (stiif heech foaryn opslein troch Sjanet Wijnia) fan Larissa Smink, kaam Makkum op in 5-2 foarsprong. Doe moast Wommels yn de efterfolging en dat like ek te te slagjen, al gie it dreech. Wommels makke fiif earsten gelyk troch ien kear op 6-4 en twa kear seis gelyk it earst te pakken. Yn it lêste earst lieten de froulju Smink efkes harren kwaliteiten sjen troch trije ballen oer de boppeline te slaan. Larissa hie noch in knapper en dat makke 6-2. Nei’t der troch Wommels in keats lein wie, wie it Kim Dijkstra dy’t foar Makkum opslaan mocht. De bal wie plat foaryn en de froulju fan Wommels seagen de bal foar. De karmaster op de foarline seach it oars en joech de bal yn. Dy beoardieling waard troch skiedsrjochter Sipke Hiemstra oernommen en dat makke dat Makkum yn de finale kaam te stean. Yn de finale moast Makkum it opnimme tsjin Grins, dat mei Anne Monfils in echte topkeatster yn hûs hat. Sy liet yn Mantgum sjen dat se oer útsûnderlike kwaliteiten beskikt, sawol oan de stuit as yn it perk. Mei help fan Hiske Zeinstra foaryn en Aletta van Popta as de foarminst opslagger, wie Grins frij maklik oant de finale kommen. Dêr troffen se dus Makkum, dy’t yn de heale finale sjen litten hienen dat se net bang wienen foar in op papier bettere tsjinstanner. Dochs wie it Grins dat better út de startblokken kaam en al gau mei trije om ‘e neat foar kaam. Dêrnei pakten sy beiden in buordsje, wêrtroch in 4-1 oan de tillegraaf kaam te hingjen. Mei in boppeslach op 6-6 hold Larissa Smink Makkum noch yn de wedstriid en makke der 4 om ‘e 2 fan. It sande earst like ek nei Makkum te gean, se kamen mei 6-2 foar. Mar op dat stuit wie it Anne Monfils dy’t efkes op stie. Se sloech ien boppe, Anouk sloech ien bûten en op 6-6 wie it wer Anne dy’t MANDEGUOD 41

Ambachtsbakker Sybesma * Mantgumer Preamke, een heerlijk lekkernij maar ook een leuke tip als kado. * Kadomand vullen naar keuze terwijl u wacht, u kunt deze ook bestellen. * Suiker/krentenbrood in cijfers. leuk voor kado verjaardag of trouwdag! Openingstijden Mantgum: Dinsdag t/m donderdag: 8.30 - 18.00 uur Vrijdag: 8.00 - 18.00 uur Zaterdag: 8.00 - 16.00 uur email: bakkerijsybesma@hetnet.nl Mantgum tel.: 058-2502070 / Boksum tel.: 058-2541323 / 06-22632617 * Reklame’s staan in de Skille vermeld. * Ontbijtservice. * `s Maandags kunt u gebak afhalen op bestelling in onze winkel te Boksum. Ook kunt u s`ochtends vroeg altijd in Boksum terecht om uw gebak af te halen of mee te nemen naar uw werk bijvoorbeeld. * Bestellen kan in de winkel of via telefoon of whatsapp of website www.ambachtsbakker.nl MANDEGUOD 42

in prima opsleine bal fan heuphichte ôf rjochting de tinten efter de boppeline jage en Grins op in fiif om ‘e twa foarsprong sette. Dêrmei wie it ferset fan Makkum wol brutsen en op 5-2 6-2 foel de lêste slach. Skelte Anema Alle útslaggen: Earste omloop Boalsert – Minnertsgea: 4-5 6-6; Easterein – Berltsum: 5-0 6-0; Ried – Ie: 3-5 4-6; Dronryp – Mantgum: 1-5 2-6; Workum – Grins: 2-5 6-6; Grou – Goaiïngea: 5-5 6-6, Grou wint; Makkum – Marsum: 5-4 6-2; Jirnsum – Wommels: 3-5 0-6; Seisbierrum-Pietersbierrum Twadde omloop Seisbierrum-Pietersbierrum – Minnertsgea: 5-1 6-2; Easterein – Ie: 5-1 6-0; Mantgum – Grins: 2-5 0-6; Grou – Makkum: 1-5 0-6; Wommels Tredde omloop Wommels – Seisbierrum-Pietersbierrum: 5-1 6-2; Easterein – Grins: 1-5 4-6; Makkum Heale finale Makkum – Wommels: 5-5 6-2; Grins Finale Grins – Makkum: 5-2 6-2 foto’s jelmerfotografie.nl MANDEGUOD 43

Mantgumer Midsimmerjûn “Hoe is it idee ûntstien?” en “Wêr ha jimme dit ôfsjoen?” Samar in pear fragen dy’t wy sneontejûn 15 augustus op it fjild krigen. We sille besykje it út de doeken te dwaan. Wy krigen te hearen dat we dit jier fanwege de koroanamaatregels gjin merke ha koenen, yn elk gefal net foar 1 septimber. As merkefierders fûnen wy it spitich dat we elkoar as doarpsgenoaten net moetsje koenen oan ’e ein fan de fakânsje. Us Net Normaal-klupke hat doe de koppen by elkoar stutsen om te sjen oft we dochs wat op poaten sette koene. Nei in telefoantsje mei de merkekommisje die bliken dat der gjin merke of wat ferfangends kaam, dus binne wy oan it betinken slein. It wie noch bêst lestich om mei de hjoeddeistige koroanaregels wat leuks te organisearjen wer’t je net yn de knoei komme mei de oardel meterregel. Doe’t de RIVM mei in fersoepeling op de sportaktiviteiten kaam, like it ús in goed plan om sportaktiviteiten te organisearjen. Mar it moast fansels wol Net Normaal! Sa kamen we op it nachtkeatsen dat we útwreide ha mei tennis, jeu de boulen en fuotbaljen, wat de Mantgumer sportferieningen en de jeugd fantastysk oppakt ha. Mar ja, der binne ek minsken dy’t dizze sporten net beoefenje, en ús útgongspunt wie: de Net Normale jûn is foar elkenien. We ha in protte aktiviteiten besprutsen mar we kamen der net út, oant we Sijbren en Gorrie efkes úthearden wat no in aardige aktiviteit wie en dy seine: “Wy meie graach fytse!” Dus waard it in Net Normale fytspuzzeltocht. Mar hoe krije jo op sa’n dei alle minsken feilich by elkoar? En hoe komt it dan mei de gesellichheid? Op it Wjukken-terras is gjin romte om alle minsken op oardel meter útinoar te hâlden. Op dat momint wie de gemeente Ljouwert krekt dwaande om soepeler mei de terrasregels om te gean en hat de Wjukken in terrasfergunning foar op it fjild oanfrege en tawiisd krigen. Doe wiene we al in hiel ein! We hiene aktiviteiten fan 20.00 oant 23.00 oere, MANDEGUOD 44

MANDEGUOD 45

we hiene foar de middeis in fytstocht mar der wie noch wol “in gat”. In gat dat opfold wurde moast mei in aktiviteit foar alle leeftiden. Nei de nedige #NN-gearkomsten mei bier, wyn en in soad sterke ferhalen, wie dêr ynienen “De Bingo”! Wol fansels in Net Normaal Bingo, mar lit dat mar oan ús oer! Nei oerlis mei de gemeente Ljouwert die bliken dat binnen de fergunning fan de Wjukken it tastien wie om iten te servearjen, dus mei it regeljen fan trije leuke yttintsjes wie it totaal programma fan de Mantgumer Midsimmerjûn kompleet. Sûnder dat we it fan elkoar wisten hie Mantgum Leeft op 15 augustus in middei foar de bern organisearre, dus sa waard it in prachtige doarpsdei foar alle Mantgumers binnen de jildende regels. Wy ha in soad nocht en wille hân yn de tarieding en op de dei sels ha we genoaten fan it entûsjasme fan de minsken. Wy sjogge werom op in prachtige Mantgumer Midsimmermiddei en -jûn! Wa wit oant in oare kear! (Hoe en wat? Gjin idee….. mar ien ding is seker: it wurdt Net Normaal!) Groetnis, Team #NN foto’s: Rinse Westerdyk, Wybren Kleefstra en Arjen Klaversma MANDEGUOD 46

“Mantgumer Midsimmerfertier” In pear wike lyn foel der in nijsgjirrige folder by ús op ’e matte mei as titel: “Mantgumer Midsimmerjûn”, in koroanafeilich programma. In wol tige nijsgjirrich meitsjende oankundiging fan aktiviteiten. Myn earste ynjouwing wie: “Wat moai, dat der yn dizze spannende tiid entûsjastelingen binne dy’t har hjir foar ynsette, want it falt net ta om alles sa feilich mooglik te organisearjen en krityk hat men samar.” Ut it tal aktiviteiten moast fansels in kar makke wurde. Yn earste ynstânsje woe ik wol oan alles meidwaan mar je moatte it ferstân der fansels wol by hâlde, is ’t net sa? Dêrom foel de kar op de fytspuzzeltocht en de net normale bingo - wat dat wêze soe wisten wy net, mar hawar. Sneon 15 augustus middeis, krigen wy nei wat ynstrukjes de rûte oerlange, en koene wy mei de lytse 35 km lange tocht útein sette. By de Jorwerter tsjerke wie de earste fraach in oanwizing fan it ynformaasjeboerd ôf. No kin ik alle fragen yn dit stikje wol beneame mar dat liket my net in goed plan, dat lit ik it sa sizze: oer de hiele rûte waarden 22 fragen steld. Guon antwurden koene wy sa wol op papier sette mar der die ek bliken, dat der in soad fragen wiene dy’t der net samar út rûgelen en dat makke it no krekt sa moai. Oer moaie mar ek wolris lytse hindernispaden kamen wy yn Blessum oan. “Oe goaien, wy ha in fraach oerslein!” Dus ik werom. Om ’t wy as earsten start wiene, kaam ik dêr de earste doarpsgenoaten tsjin en dy wiene slimmer as ús, want dy hienen it antwurd al. ‘Wie is geboren aan het pad dat op de Blessumerdyk uit komt?’ Op in boerd oan de kant stie it antwurd: ‘Ulbe van Houten.’ Dêrmei fansels werom nei Gryt dy’t har op it bankje by de Blessumer tsjerke efkes deljûn hie. Ek oare Mantgumers troffen elkoar hjirre en praten fansels efkes gesellich by. Der waard diskussearre oer it soarte hûn dy’t op in boerd skildere wie en oan de muorre fan in hûs hong te pronkjen. Want ek dat wie wer in fraach. “In wetterhûn!” “In stabij!” rôpen guon. Ja… it kin fansels beide. Guon fregen it oan de bewenners fan it hûs. MANDEGUOD 47

Nei in drankje en in hapke binne wy wer fierder gien. Tusken Hoptille en Baard krige ik it gefoel dat wy net goed fytsten, want wy kamen samar út tsjinstelde rjochting wei oare Mantgumer fytspuzzelders tsjin. “Oe goaien, ha wy it briefke wol goed lêzen? Is it ek in ynstjonker? Stiet der oan de oare kant fan it briefke miskien…. fyts earst rjochting Skillaerd, Britswert ynsté fan Jorwert?” De twifels sloegen my om it hert mar nei wat oantrunen fan Gryt, sette ik my der oer hinne en fytsten wy fierder op Easterlittens oan dêr’t wy nei alwer in pear moaie fragen by kemping it Krúswetter oankamen. Mei in pear munten dy’t wy fan de organisaasje op ús tocht mei krige hiene, koe der wat lekkers kocht wurde. Gesellich mei oare Mantgumers op it terras oan it wetter sitte en genietsje fan in moaie dei. Geandewei de middei seagen wy dat de loft stadichweioan begûn te driigjen, mar dat hold ús net tsjin. Dêrom de fyts wer pakt en op nei Hinnaard. De earste drippen foelen del en al gau spielde it wetter as in waarme dûs oer ús. Sa kamen wy nei Britswert en Skillaerd dweiltochwiet yn Mantgum by de Wjukken oan. Hjir koene wy it lêste frageformulier yn ûntfangst nimme, want de 22 antwurden moasten ferdield wurde oer letterfakken, sadat der op it lêst ien oplossing út kaam. “Mantgumer Midsimmerjûn.” Sa kaam der in ein oan in prachtige tocht. Tusken fiif en seis sieten wy mei oare doapsgenoaten ferdield oer oardel meter picknickkleedsjes en banken op it sportfjild en waarden tagelyk wolkom hjitten troch Minister Mark Rutte en Irma (dôvetolk bekend fan de parsekonferinsjes) Wol tige bysûnder dat dizze minsken frij nimme koene foar dit barren. Want my tinkt, sa hawwe grif wol oare dingen oan ’e holle. Ek foel tige op, dat dizze bingo net in normale bingo wie, want in grutte betonmole waard brûkt foar de bingolotterij en it allerfrjemdste wie, dat elkenien tagelyk priis hie en wol yn de foarm fan in pakje tuc koekjes mei de tekst “Wy ha jim tuc.” En sa wie it ek! Want in prachtige priis dy’t wiidweidich op it toaniel stie te pronkjen, waard nei dizze net normale bingograp fuorthelle. No ja sis…..!! Nei in prachtmiddei koe der by ferskate tintsjes op it fjild in flaubyt helle wurde en dat allegear ûnder de net normale oardel meter maatregels. Foar jong en âld hat der oer de hiele middei en jûn fan alles te dwaan west. Wy wolle alle meiwurkers fan de organisaasje tank sizze foar dit prachtige barren! Hette en Gryt van der Wal-Hylkema MANDEGUOD 48

Mantgumer Midsimmer Fietstocht Voor de Mantgumer Midsimmerjûn is een fietstocht uitgezet van circa 35 km over fietspaden, veeroosters, door klaphekjes en over bruggetjes. Voor de mensen die deze tocht ook eens willen fietsen, hierbij de route. 1. Je start bij de Wjukken en gaat richting Baard. Bij Lucht en Veld ga je rechtsaf richting Jorwert. 2. Je gaat bij Jorwert linksaf het dorp in en fietst richting Hilaard. Vlak voor de stal van Chardon sla je rechtsaf naar Fûns. Aan het eind van de weg is een fietspad. Volg dit fietspad en ga na de spoorwegovergang en vlak voor Kinderboerderij Bisteboel gelijk links een klein pad op. Je komt bij de poort van de luchtspiegeling. 3. Je fietst langs de luchtspiegeling en slaat op het eind van de straat linksaf. Je volgt de weg naar Jellum en gaat op de Smidshoeke linksaf richting Hilaard. Op deze weg is aan de rechterkant een klein pad naar Boksum (staat een wegwijzer). Volg dit pad. 4. Via dit fietspad kom je aan in Boksum. Je gaat nu rechtuit het Heechpaed op. Daarna het schelpenpad op langs de kerk. Je passeert 2 klaphekjes en gaat dan aan het eind van de straat linksaf het Blessumerpaed op. Ga het tunneltje in en daarna gelijk links en meteen weer rechts. Volg een klein betonpad naar Blessum (staat een wegwijzer). Je komt over kleine bruggetjes. Bij een boer op het erf moet je gelijk links het bruggetje over (nr. 22). Blijf op het pad totdat je op de Blessumerdyk komt. 5. Nu ga je linksaf richting Blessum. In het dorp ga je na de kerk linksaf. Aan de rechterkant, vlak voor een boerderij, is een betonpad. Dit pad ga je op richting Baard (er staan wegwijzers). Je gaat verder en volgt nog steeds de wegwijzers naar Baard. Je komt op Hoptille waar je linksaf gaat richting Baard. 6. Je gaat langs het water op naar Baard en je komt op de Panwurksbrêge. Je vervolgt de tocht langs het water richting Baard en komt langs de brug van Baard. Je gaat verder langs het water en gaat op naar Easterlittens tot aan het einde van het fietspad. Hier ga je linksaf de brug over en na de brug sla je linksaf. Je volgt deze straat en komt op het plein. 7. Je gaat nu rechtsaf richting de brug. Na de brug gelijk weer rechtsaf richting de camping It Krúswetter. Hier ga je het fietspad op langs de Boalserterfeart. Je volgt de wegwijzers naar Hinnaard. 8. In Hinnaard ga je richting Itens en aan het eind van deze weg ga je linksaf op naar Britswert. Je gaat door het dorp Britswert op naar Mantgum. MANDEGUOD 49

MANDEGUOD 50

De opvolging Ouderdom komt met gebreken, bij de een wat eerder dan bij de ander. Al hoe mooi mijn vak van bistedokter is, ook mijn lichaam is behoorlijk gebukt gegaan onder ruim dertig jaar lange dagen maken en diensten draaien. De laatste twee jaar was ik reeds minder tussen het grootvee te vinden. Maar ook op het terrein van de gezelschapsdieren ga ik nu een stapje terug doen. Ik nader de prachtige leeftijd van het zesde decennium; het is dus absoluut geen schande. Zonder op de details in te gaan, mijn beperkingen zijn gelukkig niet levensbedreigend. Grootste zorg binnen onze praktijk was dan ook om opvolging te regelen! Wat die opvolging betreft prijzen wij ons gelukkig dat we twee jonge collegae hebben weten te strikken om zich aan onze praktijk te verbinden. Het is namelijk erg moeilijk om medici in het algemeen en dierenartsen in het bijzonder naar onze prachtige regio te halen. Vanaf juli is Jessica Knol meteen na haar afstuderen bij ons werkzaam in met name de melkkoeien. Deze boerendochter uit het Overijsselse Hasselt is het werken tussen het melkvee als het ware met de paplepel ingegoten. Ze wil zich niet alleen richten op de gezondheid van het individuele dier, maar ook de veehouder tot steun zijn in de bedrijfsvoering. We hebben in de afgelopen weken ruimschoots Jessica’s aanstekelijk enthousiasme en gedrevenheid mogen proeven die ongetwijfeld tevens ten grondslag liggen aan Jessica Knol MANDEGUOD 51

MANDEGUOD 52

haar sportieve prestaties. We hebben er alle vertrouwen in dat deze voormalig Nederlands Kampioen roeien een aanwinst is voor ons team! Het is thans niet meer zoals dertig jaar geleden dat je zoals ik na de studie de algemene bevoegdheid als dierenarts krijgt. Tegenwoordig studeer je af in een bepaald specialisme. Als gezelschapsdierenarts is in de loop van augustus Pieter Limburg onze praktijk komen versterken. Al doet zijn naam anders vermoeden, Pieter is geboren en getogen in onze eigen Súdwesthoeke. Hij heeft na zijn afstuderen in 2016 in verschillende praktijken elders in ons land gewerkt, maar zocht een nieuwe uitdaging in de provincie waar zijn wortels liggen. In zijn werk haalt Pieter vooral voldoening uit het contact met de eigenaar en hecht hij bovenal waarde aan de zorg voor het huisdier. Om vervolgens in samenspraak met de eigenaar tot dé juiste behandeling te komen. Goede communicatie en kwaliteit staan hoog in zijn vaandel. Dat is precies waarom wij denken dat ook Pieter goed in ons team past! Pieter Limburg Beide nieuwe collegae verheugen zich op een goede samenwerking met enerzijds de veehouders en de diereigenaren en anderzijds met ons huidige team. Welke taak nu mij nog rest? Deeltijdwerken is de nieuwe norm, ook in bistedoktersland! Ik zal zo nu en dan nog op het spreekuur te vinden zijn. En reken maar dat er op de achtergrond best nog wel raad en daad nodig is. Dus deze ‘bistedokter’ is dan ook absoluut niet mijn zwanenzang! menno@bistedokter.nl MANDEGUOD 53

MANDEGUOD 54

MANDEGUOD 55

Colofon Afmetingen advertenties hele pagina halve pagina kwart pagina staand kwart pagina liggend 180 x 128 mm 128 x 87,5 mm 87,5 x 61,5 mm 128 x 41,25 mm Iedere advertentie heeft standaard een rand, tenzij het design van de advertentie dit niet toelaat. Aanleveren advertenties en afbeeldingen Aanleveren van een advertentie kan in elk gewenst grafisch formaat zoals bijvoorbeeld BMP, TIFF, JPG, JPEG, PNG, etc. Aanleveren van een advertentie in WORD is ook mogelijk. U loopt dan wel de kans dat er afwijkingen optreden, met name in de fonttypes en fontgrootte. Mandeguod is een uitgave van Doarpsmienskip Mantgum en verschijnt 11 keer per jaar. Doarpsmienskip Mantgum Sipke Dijkstra, voorzitter. Ewoud Westrik, secretaris. Bert van der Weide, penningmeester. E-mail: doarpsmienskip@mantgum.com Website: www.mantgum.com Redactie Mandeguod Vacature hoofdredacteur, Lys Scarse eindredacteur, Maaike Kuipers redacteur, Diny de Vries redacteur, Frits Sieperda vormgever Financieel beheer Hotze Bonnema, penningmeester. Bankrek. Mandeguod: NL77 INGB 0005 0727 04 Verslaggever Siebolt Dijkstra korrektor Fryske teksten, Verspreiding Yme en Ary Meintema coördinatie. Verspreiding door veel vrijwilligers uit Mantgum. Druk: CSLdigitaal Tarieven Mandeguod Jaaradvertentie (binnenwerk) Hele pagina Halve pagina Kwart pagina e 160,00 e 85,00 e 47,50 www.mantgum.com Eenmalige advertentie (alleen binnenwerk) Hele pagina Halve pagina Kwart pagina e 27,50 e 15,00 e 11,00 Verenigingsmededelingen (alleen binnenwerk) Jaarbijdrage e 30,00 Oplage: 505 exemplaren. Inleveren kopij, uiterlijk de 14e van elke maand mandeguod@gmail.com. Algemeen Politie Service Centrum (0900) 88 44 © MANDEGUOD Overname van artikelen en foto’s alleen na verkregen schriftelijke toestemming van de redactie van Mandeguod. MANDEGUOD 56 In uw mail met de bijdrage(n) dient u - voor eventuele vragen - uw naam, adres en telefoonnummer te vermelden. De bijdrage moet - tenminste - voorzien zijn van de naam van de afzender. De redactie behoudt zich het recht voor om uw tekst te redigeren, zo nodig in te korten of om uw bijdrage(n) eventueel niet te plaatsen. De redactie is niet verantwoordelijk voor de inhoud van stukken die zijn geschreven door niet-redactieleden. Tevens dient u zich er rekenschap van te geven dat Mandeguod ook in pdf-formaat op www.mantgum. com geplaatst wordt. e-mailadres mandeguod@gmail.com

1 Online Touch

Index

  1. 1
  2. 2
  3. 3
  4. 4
  5. 5
  6. 6
  7. 7
  8. 8
  9. 9
  10. 10
  11. 11
  12. 12
  13. 13
  14. 14
  15. 15
  16. 16
  17. 17
  18. 18
  19. 19
  20. 20
  21. 21
  22. 22
  23. 23
  24. 24
  25. 25
  26. 26
  27. 27
  28. 28
  29. 29
  30. 30
  31. 31
  32. 32
  33. 33
  34. 34
  35. 35
  36. 36
  37. 37
  38. 38
  39. 39
  40. 40
  41. 41
  42. 42
  43. 43
  44. 44
  45. 45
  46. 46
  47. 47
  48. 48
  49. 49
  50. 50
  51. 51
  52. 52
  53. 53
  54. 54
  55. 55
  56. 56
  57. 57
  58. 58
  59. 59
  60. 60
Home


You need flash player to view this online publication