23

Een nieuwe Rubriek Wat hinget der by dy oan ‘e muorre? Dat kin keunst mei je dwaan Soms kuierest troch in museum en sjochst wat stean datst noch weromkenst fan foarhinne en dat dy efkes transportearret nei in oare tiid. Soms rinst troch in museum en sjochst in byld dat dy yntrigearret, dêr’st krekt wat langer by stean bliuwst as de gemiddelde 28,63 sekonden. Soms rinst troch in museum en tinkst ‘No, hjir hie ik mear fan ferwachte’ (wês earlik, dat bart ek!). En soms, hiel soms, strúnst troch in museum en stiest ynienen each yn each mei in skilderij dat dy kompleet opslokt, dy de siken ûntnimt en dêr’st samar in healoere foar stean kinst, de tiid ferjittend. Dat lêste barde my sa'n 15 jier lyn by it skilderij ‘Oude vrouw en jongen met kaarsen’, makke troch Peter Paul Rubens yn 1616-1617. As keunsthistoarika hear ik dêr fansels allegear yngewikkelde theoretyske ferhannelingen foar te hawwen. Oer de technyk fan it wurkjen mei ljocht en donker. Oer de relaasje mei it wurk fan de Italiaanske skilder Caravaggio. Oer de ikonografyske betsjutting fan de tsjinstelling tusken jong en âld. Oer it feit dat Rubens it wurk net foar de ferkeap makke, mar altyd by him hâlde. Mar minsken: soms fine je in skilderij gewoan moai! Dat is emoasje, dat is gefoel, dêr hat ratio neat mei te krijen. In âlde frou sjocht nei ûnderen en timperet mei har linkerhân it ljocht fan de brânende kears dy’t se MANDEGUOD 21

24 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication