39

Doarpsbudzjet It plan wie yn april op ‘e ledegearkomst de ferdieling fan it doarpsbudzjet foar te lizzen. En om’t wy begripe dat it foar in oantal ferienings wol noflik is dat se witte wêr’t se oan ta binne, ha we besletten in grut part fan it jild al ta te wizen en út te kearen. Op ‘e ledegearkomst sille we hjir ferslach fan dwaan. Wenjen Op de ledegearkomsten fan de ôfrûne jierren ha we it al ferskate kearen oer it bouwen fan nije hûzen hân. Yn de doarpsfisy stiet der ek it ien en oar oer. Yn de foarige gemeente waard oanjûn dat der net folle kontinginten (rjochten om te bouwen) beskikber wiene foar de doarpen. Op de lêste iepenbiere byienkomst fan it CPO hat dit ek oan de oarder west. Want by guon minsken is der de soarch dat as it CPO 12 rjochten krije soe, der foarearst neat beskikber komme soe foar oare plannen. Dy jûn koe der ek net daliks dúdlikens oer jûn wurde. Doarpsmienskip Mantgum hat dêrom yn petear west mei de gemeente Ljouwert en ús is sein dat der foar Mantgum op dit stuit njonken de 12 rjochten foar it CPO der noch ris 15 rjochten foar twa lokaasjes op ‘e planke lizze. Binne der goeie bouplannen wêr’t ferlet en draagflak foar is, dan wol de gemeente altyd mei ús sjen wat de mooglikheden binne. It CPO hat ûnderwilens in ‘voorontwerp bestemmingsplan’ oanfrege. Doarpsmienskip Mantgum hat de plannen njonken de ferskate ûnderdielen fan de doarpsfisy holden en wy ha de gemeente witte litten dat op grûn dêr fan wy de plannen stypje. De soargen fan guon Mantgumers oer hoe’t it passe sil by ús moaie doarp begripe we en we ha it CPO ek frege dêr goed rekken mei te hâlden. Wat wenningen foar bygelyks de jonger- en âlderein oangiet binne we foarearst ôfhinklik fan wenningboukoöperaasjes. En dy ha de ôfrûne jierren oanjûn gjin rol yn de doarpen te sjen. De gemeente Ljouwert hat koartlyn wat nije ideeën oer wenjen presintearre. Dat jout ús hooplik mooglikheden op dit mêd ek plannen ûntwikkelje te kinnen. Wa’t ideeën hat is wolkom. Ferljochting De gemeente Ljouwert hat it plan de ferljochting yn ús doarp oan te pakken. En dat wolle se graach dwaan mei ynbring fan ús doarp. No ûntfongen wy de tekening earst oer de mail. Mar omdat wy allinnich op A4 printsje kinne wie it wat lestich der sjûkelarje fan te meitsjen. Heal augustus ha we de A0-ôfdrukken (hiele grutte tekeningen) ûntfongen. It idee is dat der ferskate armaturen brûkt wurde passend by de strjitte. Wa’t der wat oer sizze wol kin him/har melde by ien fan de bestjoersleden. Dan kinne we in tydlike wurkgroep gearstalle foar advys oan ús. Doarpsmienskip Mantgum MANDEGUOD 37

40 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication