50

Nei in drankje en in hapke binne wy wer fierder gien. Tusken Hoptille en Baard krige ik it gefoel dat wy net goed fytsten, want wy kamen samar út tsjinstelde rjochting wei oare Mantgumer fytspuzzelders tsjin. “Oe goaien, ha wy it briefke wol goed lêzen? Is it ek in ynstjonker? Stiet der oan de oare kant fan it briefke miskien…. fyts earst rjochting Skillaerd, Britswert ynsté fan Jorwert?” De twifels sloegen my om it hert mar nei wat oantrunen fan Gryt, sette ik my der oer hinne en fytsten wy fierder op Easterlittens oan dêr’t wy nei alwer in pear moaie fragen by kemping it Krúswetter oankamen. Mei in pear munten dy’t wy fan de organisaasje op ús tocht mei krige hiene, koe der wat lekkers kocht wurde. Gesellich mei oare Mantgumers op it terras oan it wetter sitte en genietsje fan in moaie dei. Geandewei de middei seagen wy dat de loft stadichweioan begûn te driigjen, mar dat hold ús net tsjin. Dêrom de fyts wer pakt en op nei Hinnaard. De earste drippen foelen del en al gau spielde it wetter as in waarme dûs oer ús. Sa kamen wy nei Britswert en Skillaerd dweiltochwiet yn Mantgum by de Wjukken oan. Hjir koene wy it lêste frageformulier yn ûntfangst nimme, want de 22 antwurden moasten ferdield wurde oer letterfakken, sadat der op it lêst ien oplossing út kaam. “Mantgumer Midsimmerjûn.” Sa kaam der in ein oan in prachtige tocht. Tusken fiif en seis sieten wy mei oare doapsgenoaten ferdield oer oardel meter picknickkleedsjes en banken op it sportfjild en waarden tagelyk wolkom hjitten troch Minister Mark Rutte en Irma (dôvetolk bekend fan de parsekonferinsjes) Wol tige bysûnder dat dizze minsken frij nimme koene foar dit barren. Want my tinkt, sa hawwe grif wol oare dingen oan ’e holle. Ek foel tige op, dat dizze bingo net in normale bingo wie, want in grutte betonmole waard brûkt foar de bingolotterij en it allerfrjemdste wie, dat elkenien tagelyk priis hie en wol yn de foarm fan in pakje tuc koekjes mei de tekst “Wy ha jim tuc.” En sa wie it ek! Want in prachtige priis dy’t wiidweidich op it toaniel stie te pronkjen, waard nei dizze net normale bingograp fuorthelle. No ja sis…..!! Nei in prachtmiddei koe der by ferskate tintsjes op it fjild in flaubyt helle wurde en dat allegear ûnder de net normale oardel meter maatregels. Foar jong en âld hat der oer de hiele middei en jûn fan alles te dwaan west. Wy wolle alle meiwurkers fan de organisaasje tank sizze foar dit prachtige barren! Hette en Gryt van der Wal-Hylkema MANDEGUOD 48

51 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication