Prakkesaasjes fan de redaksje “Bjoeoeoetiful houououses!” It sil yn de jierren njoggentich west ha dat der op sneontemoarns geregeldwei in ploechje fytsers mei allegear deselde blikkerjende helm op (yn dy tiid noch gjin gewoante) en deselde knalgiele fytstas achterop troch de buorren fytste. Amerikanen. De earste toeristen eins dy’t Mantgum op harren listke hiene. Neffens de ferhalen oefenen se fóár harren fytstocht earst wat op in leech parkearterrein, en dan gong it oan. Amerikanen binne net wend om te fytsen, en boppedat wie sa te sjen by de measten it jongste en it fluchste der al wat ôf. Mar foaruit: toeristen. Dy’t dus harren bewûndering foar ús doarp mei lûde stim ferkundigen. Wysels seagen der noch net safolle niget oan, mar troch de jierren hinne sjogge wy it moaie der ek wol fan yn: ek mei al dy grutte beammen dy’t it doarp ekstra oanklaaie. En al kamen op in stuit dy Amerikaanske fytsploechjes net mear troch de buorren – miskien dochs te âld wurden of deagewoan in oare rûte nommen – dat betsjut net dat der gjin toeristen mear troch Mantgum komme. Krekt oarsom: we sitte bytiden noch mar krekt oan ús moarnsiten of der kuierje al minsken mei rêchsekken foarby, fol goeie moed foar in hiele dei rinnen, ferûnderstelle wy. En dat binne net allinne mar Jorwerters dy’t in blokje om rinne: nee, net allinne Frysk en Nederlânsk heare wy foarbygean, faak genôch is it ek Ingelsk, Frânsk, of in taal dêr’t wy echt gjin lân oan fêst knoopje kinne. Mar oan de oare kant is it ek net ferwûnderlik: der binne ferskate kuierrûtes en fytspaden kreas útstippele en dy rûtes fiere jo fansels lâns de moaiste plakjes. Ek Mantgum is ien fan dy moaie plakjes. Sûnt in goed jier stiet op de trijesprong Skillaerderdyk-Seerp van Galemawei ek in ynformaasjeboerd oer it Sint Odulphuspaad. Moatst der efkes tiid foar nimme: nei 24 kilometer bedarrest yn Easterlittens, mar dan hast wol by moaie paden en doarpen lâns west. Troch hiel Fryslân steane de fyts- en kuierpadeknooppunten kreas oanjûn, en it is moai dat safolle minsken se brûke en genietsje fan de omjouwing. Dan ha we it noch net iens oer de boatsjefarders hân: geregeldwei lizze der ‘toeristeboatsjes’ by de Wjukken. Angeltsje mei, of ûnder it skaad fan de beammen efkes lekker lui wêze. Mar minsken, doch it jim oan tiid, want soms moatte wy dochs wol efkes glimkje as der in stel op de e-bike mei in needgong troch de buorren fljocht: hy foarop: “Moai doarp, hè!” en sy as in gek der achteroan jakkerje sûnder dat se de tiid kriget om efkes om har hinne te sjen… Ach ja, kinst nei fiere oarden fleane, mar hjir yn ús eigen omkriten is ek genôch te sjen en te dwaan. Ut namme fan de redaksje, Lys Scarse MANDEGUOD 3
6 Online Touch Home