41

Grins wint foar tredde kear op rige de Jong Famme partij Oan de hân fan in sterke Anne Monfils wie it keatsferiening Grins dy’t op de santjinde Jong Famme partij de winst nei har ta luts. Oer de hiele dei sjoen, hienen de froulju fan de ‘De Sterke Earm’ mar sân earsten tsjin en dan kinst wol sizze datst de terjochte winner bist. Foar Hiske Zeinstra en Anne Monfils wie dit al de tredde kear op rige dat se de sjampanje oan de ein fan de dei ûntkoarkje mochten. Yn de twa foarige edysjes dienen se dat mei Marrit Zeinstra, dit jier wie dat mei Aletta van Popta. Troch de ferwachte waarmte wie yn it foar it beslút nommen om de partij om 9 oere te starten. Dat wie in goede kar, want dy ferwachtingen waarden wier. Op it smûke keatsfjild tusken de beammen wie net folle wyn te fernimmen en yn kombinaasje mei in fûle sinne soarge dit der foar dat de temperatuer oant ekstreme hichten rikke koe. Lokkigernôch hie de keatsferiening yn gearwurking mei tintebouwer en stiper Wiersma der foar soarge dat der in pear tinten om it fjild stienen, sadat der wol wat plakjes wienen dêr’st yn it skaad sitte koest. De organisaasje fertsjinnet wat dat oanbelanget wol de kompliminten, want njonken de foarsoarchsmaatregels om de waarmte hinne, hienen sy fansels ek te dwaan mei de regels en fergunnningen om it koroanafirus hinne en alles wie prima foar elkoar. Krekt nei ’t de earste partoeren los wienen, krigen wy it tryste berjocht dat âldfoarsitter Popke van der Zee dy moarns stoarn wie. Popke wie ien fan de MANDEGUOD 39

42 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication