yn har rjochterhân hâldt. It ljocht fan de kears skynt op har gesicht, fol mei rimpels dy’t littekens fan it libben lykje. De dikke streken farve dy’t Rubens brûkte, jouwe de rimpels letterlik en figuerlik ekstra djipte. Njonken har leunt in jonkje oer har skouder en hâldt in kears by harres om him oan te stekken. Ek syn gesicht fangt it ljocht, mar lit minder spoaren efter op de glêde hûd. Wa is dizze frou? Wat foar libben hat se hân? Wêr sjocht se nei, sa fersonken yn har tinzen? En wat is har relaasje mei it jonkje? Ik wie tankbar foar it bankje dat presys foar it skilderij stie: ik tink dat ik der wol in oere sitten ha, de earste kear dat ik it seach. It skilderij hinget yn it Mauritshûs in Den Haach, net hielendal tafallich neffens my ek it moaiste museum fan Nederlân (net tsjin myn baas by it Suderseemuseum yn Enkhuzen sizze hear). Skilderijen út de Gouden Iuw wurde dêr presintearre yn in gebou út dyselde tiid. Bekende topstikken as ‘Het meisje met de Parel’ fan Johannes Vermeer, ‘De Stier’ fan Paulus Potter en ‘De Anatomische les fan dr. Nicolaes Tulp’ fan Rembrandt hingje der boppe âlde lambrisearringen tusken swiere gerdinen, beljochte troch kroanluchters. Lykas se der yn har eigen tiid by hongen hawwe moatten. Doe’t ik studearre en yn Utert wenne, kaam ik der oates en toates. As freonen in dei op 'en paad woenen, stelde ik altyd hiel subtyl Den Haach foar. Nei in pear kear hiene sy myn ûnderlizzende motyf yn ‘e smizen, en gong ik der faaks allinnich hinne. Doe’t ik nei myn studzje werom kaam nei Fryslân, waarden de besykjes oan it museum oan de Hôffiver minder. Ik makke dan ek in lyts spronkje yn de museumwinkel doe’t ik der nei de wiidweidige ferbouwing fan it museum tusken 2012 en 2014 wer ris kaam. It assortimint posters wie útwreide, ûnder oaren mei mýn Rubens! As in soarte fan ôfgod naam ik de oprôlle poster yn de trein mei nei hûs, en de oare deis kocht ik in moaie list en hong ik it skilderij by my thús oan ‘e muorre. Ok, in poster is fansels net it échte skilderij. Mar as ik de eagen wat tichtknyp, sjoch ik de dikke farvestreken fan Rubens, rûk ik de omjouwing fan it Mauritshûs en waan ik my wer efkes op dit prachtige plakje yn Nederlân foar dit magistrale masterwurk en sit ik samar wer in healoere op dat bankje. Noch altyd. Dat kin keunst mei je dwaan. Noch in tip foar de bern is it boek ‘Opgesloten!’ fan Lizette de Koning. It is in soarte fan ‘Night at the Museum’ yn it Mauritshûs. In alderaardichst ferhaal mei leuke histoaryske feitsjes oer de sântjinde iuw, en sawat alle skilderijen yn it museum spylje der in rol yn. En dan fansels dêrnei, mei it boek yn 'e hân, in besite oan it museum! We fiere ommers allegear fakânsje yn eigen lân dit jier. Henny Tuinhout-de Leeuw MANDEGUOD 23
26 Online Touch Home