46

Mantgumer Midsimmerjûn “Hoe is it idee ûntstien?” en “Wêr ha jimme dit ôfsjoen?” Samar in pear fragen dy’t wy sneontejûn 15 augustus op it fjild krigen. We sille besykje it út de doeken te dwaan. Wy krigen te hearen dat we dit jier fanwege de koroanamaatregels gjin merke ha koenen, yn elk gefal net foar 1 septimber. As merkefierders fûnen wy it spitich dat we elkoar as doarpsgenoaten net moetsje koenen oan ’e ein fan de fakânsje. Us Net Normaal-klupke hat doe de koppen by elkoar stutsen om te sjen oft we dochs wat op poaten sette koene. Nei in telefoantsje mei de merkekommisje die bliken dat der gjin merke of wat ferfangends kaam, dus binne wy oan it betinken slein. It wie noch bêst lestich om mei de hjoeddeistige koroanaregels wat leuks te organisearjen wer’t je net yn de knoei komme mei de oardel meterregel. Doe’t de RIVM mei in fersoepeling op de sportaktiviteiten kaam, like it ús in goed plan om sportaktiviteiten te organisearjen. Mar it moast fansels wol Net Normaal! Sa kamen we op it nachtkeatsen dat we útwreide ha mei tennis, jeu de boulen en fuotbaljen, wat de Mantgumer sportferieningen en de jeugd fantastysk oppakt ha. Mar ja, der binne ek minsken dy’t dizze sporten net beoefenje, en ús útgongspunt wie: de Net Normale jûn is foar elkenien. We ha in protte aktiviteiten besprutsen mar we kamen der net út, oant we Sijbren en Gorrie efkes úthearden wat no in aardige aktiviteit wie en dy seine: “Wy meie graach fytse!” Dus waard it in Net Normale fytspuzzeltocht. Mar hoe krije jo op sa’n dei alle minsken feilich by elkoar? En hoe komt it dan mei de gesellichheid? Op it Wjukken-terras is gjin romte om alle minsken op oardel meter útinoar te hâlden. Op dat momint wie de gemeente Ljouwert krekt dwaande om soepeler mei de terrasregels om te gean en hat de Wjukken in terrasfergunning foar op it fjild oanfrege en tawiisd krigen. Doe wiene we al in hiel ein! We hiene aktiviteiten fan 20.00 oant 23.00 oere, MANDEGUOD 44

47 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication