48

we hiene foar de middeis in fytstocht mar der wie noch wol “in gat”. In gat dat opfold wurde moast mei in aktiviteit foar alle leeftiden. Nei de nedige #NN-gearkomsten mei bier, wyn en in soad sterke ferhalen, wie dêr ynienen “De Bingo”! Wol fansels in Net Normaal Bingo, mar lit dat mar oan ús oer! Nei oerlis mei de gemeente Ljouwert die bliken dat binnen de fergunning fan de Wjukken it tastien wie om iten te servearjen, dus mei it regeljen fan trije leuke yttintsjes wie it totaal programma fan de Mantgumer Midsimmerjûn kompleet. Sûnder dat we it fan elkoar wisten hie Mantgum Leeft op 15 augustus in middei foar de bern organisearre, dus sa waard it in prachtige doarpsdei foar alle Mantgumers binnen de jildende regels. Wy ha in soad nocht en wille hân yn de tarieding en op de dei sels ha we genoaten fan it entûsjasme fan de minsken. Wy sjogge werom op in prachtige Mantgumer Midsimmermiddei en -jûn! Wa wit oant in oare kear! (Hoe en wat? Gjin idee….. mar ien ding is seker: it wurdt Net Normaal!) Groetnis, Team #NN foto’s: Rinse Westerdyk, Wybren Kleefstra en Arjen Klaversma MANDEGUOD 46

49 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication