16

WWC yn Aksje Troch de koroanamaatregels stie alles fan de iene op de oare dei stil, ek by kuorbalklup WWC. Gjin treningen, gjin wedstriden en ek gjin gesellige neisit mear. Pas dan ûnderfine je dat kuorbaljen net allinne in sportive oangelegenheid is, mar ek in hiel sosjale. Mei in digitale tredde helte ynklusyf borrels en nútsjes, ha de spilers yn de lockdown elkoar dochs opsocht. Gelokkich mocht de jeugd yn maaie wer trene en koenen de senioaren dêrnei ek wer yn aksje. En sa hawwe we dochs it seizoen mei syn allen ôfslute kinnen mei in sportive middei mei patat-iten foar de bern en jûns in gesellige neisit nei de trening mei de senioaren. Spitich genôch moasten we ek de reüny fan it 75 jier bestean fan de klup útstelle. Mar it feest sil der oar jier net minder om wêze! Sa gau't de datum bekend is litte we jimme dat witte fansels. En no mar hoopje dat it firus ûnder kontrôle bliuwt en we nei de simmer neist it trenen ek wer wedstriden spylje meie. Us jierlikse aksjes stiene ek “on hold“. Mar ek dat pakke we nei de simmerfakânsje wer op, want spitigernôch kin WWC net bestean sûnder stipe út it doarp. Ald izer Op freed 25 septimber hâlde we wer ús âld izer aksje. Bewarje sa folle mooglik âld izer, lead en koper. As jo it spul op freed 25 septimber by de dyk sette dan komme wy it fan 18:00 oere ôf opheljen. Noflik dochs? Ha jo grut guod of leit it op in oar plak, nim dan kontakt op mei Hendrik Grunstra op 06-18413993. MANDEGUOD 14

17 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication