17

(W)WC-rôlen-aksje Elts wit no hoe noflik in foarrie wc-papier is! We komme yn novimber by jo oan de doar mei wc-rôlen. Dit jier ha we neist wc-rôlen ek papieren bûsdoeken yn de ferkeap. “Hamsterje” mei by ús! Graach sels, dêr stypje jo ús kuorbalferiening mei. Grote Club Aksje Fan sneon 19 septimber ôf komme ús jeugdleden by jimme del mei lotten fan de 'Grote Club' aksje. Stypje de klup en meitsje kâns op prachtige prizen. Krystbeamen It liket nog fier fuort, mar by WWC tinke we al wer oan krysttiid en dan foaral oan krystbeammen. Ek dit jier hat de kuorbalklup wer moaie Nordmannsparren yn de ferkeap. Foarich jier binne se wat lyts útfallen, mar dit jier binne ús wer prachtige beammen tasein. Bestel ’m sa gau mooglik by Adelma@kv-wwc.nl Jiergearkomste Op tongersdei 17 septimber sil de jiergearkomste fan WWC pleatsfine om 20.00 oere yn de Wjukken. Kabouterkuorbal Nei de fekânsje sette we wer útein mei de kabouter-kuorbal-trening. Bêrn fan 4 jier ôf kinne sa boartsjendewei it kuorbaljen leare. Opjaan of mear ynformaasje: Dieuwke@kv-wwc.nl Wy winskje jimme noch in prachtige neisimmer en hoopje jimme ris op in sneon op it sportfjild te sjen by in wedstriid fan ús jeugdleden of senioaren. Hâld ús facebookside @KVWWC yn de gaten foar data en tiden. Groetnis, Bestjoer WWC MANDEGUOD 15

18 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication