37

ker parten we hâlde kinne, hokker in ‘update’ nedich ha en as der ek parten fuort litten wurde kinne. Op de webside stiet de ‘Dorpsvisie 2015-2020’. De aginda en oare stikken komme ek op de webside te stean. Sporten Kuorbalferiening It bestjoer fan Doarpsmienskip Mantgum wol har lokwinsken oerbringe oan de kuorbalferiening. KV-WWC bestiet dit jier 50 jier! In heale iuw! Spitigernôch kin it dit jier net sa fierd wurde as dat men it earst betocht hie. Mar dat sil aanst wol ynhelle wurde. Noch ris lokwinske! Fuotbalgoals En fan kuorbal komme we op fuotbal. De jongerein yn ús doarp hie in skofke tebek de fraach by Doarpsmienskip Mantgum dellein oft der ek in pear echte fuotbalgoals op it sportfjild efter de Wjukken komme koene. Omt it fjild net fan it doarp is, mar fan BV Sport (de behearder fan sportfjilden, -sealen en -hallen yn ‘e gemeente Ljouwert), moasten we yn oerlis oft en hoe’t we dit realisearje koene. It bestjoer hat jild beskikber steld en der wurdt mei de jongerein ôfpraat dat se har part bydrage sille. Dat sil ûnder oaren barre troch ynset foar ús doarp. Troch BV Sport is der in gedoogkonstruksje makke omdat it net yn ferieningsferbân plak fynt. De ôfspraken binne: Sportferienings ha it earst rjocht fan plak; It fjild moat der net te swier ûnder te lijen ha; Nei it brûken moatte de goals fan it gers ôf riden wurde (yn ferbân mei it meanen); Elk hâldt rekken mei in oar en we hâlde de omjouwing skjin; Doarpsmienskip Mantgum is it oansprekpunt foar BV Sport; As der klachten binne hat BV Sport it rjocht de gedoogkonstruksje op te sizzen. In protte (jonge) ynwenners ha de goals ûnderwilens ûntdutsen. Yn dizze fakânsjetiid, wêryn in protte bern langer thús fakânsje hâlden, waard op guon dagen moarns om tsien oere al fuotballe en jûns om njoggen oere noch. Sportfjild En no’t we op it fjild binne: nei oanlieding fan in tip fan de kuorbalferiening hat Doarpsmienskip Mantgum oerlis mei BV Sport oer in oare rekkenwize foar de hier. We hoopje nei de fakânsje der mear oer fertelle te kinnen. MANDEGUOD 35

38 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication