43

initiators en mei-oprjochter fan de Jong Famme partij. Dêrnei hat er ek noch belutsen west, sa hie Popke twa jier lyn doe’t er al siik wie, noch wedstriidlieder west fan de partij. Foarôfgeand oan de finale ha wy in minút stilte yn acht nommen om it libben fan Popke te betinken. Op de list stienen dit jier 17 partoer. Grutte favoryt foar de einoerwinning wie Wommels mei haadklasse keatsters Martzen Deinum en Sjanet Wijnia tegearre mei earste klasse keatster Rixt Wijnia. Dochs koe Wommels net oertsjûgje yn Mantgum. Se kamen noch wol yn de heale finale. Yn de earste omloop wûnen se fan Jirnsum, de twadde omloop bleaunen se stean, dêrnei wûnen se fan Seisbierrum-Pietersbierrum, mar yn de heale finale tsjin in sterk Makkum oer, kamen se krekt te koart. De Makkumers keatsten de hiele dei deeglik mei de nichtsjes Larissa en Anouk Smink yn it perk en in sterke Kim Dijkstra oan de opslach. Tsjin Wommels keatsten sy ek sterk en kamen dêrtroch mei 4-2 yn earsten foar te stean. Yn it dêrop folgjende earste kaam Wommels op in 6-4 foarsprong en like wer oan te sluten, mar troch in bûtenslach fan Martzen Deinum en in knappe boppeslach (stiif heech foaryn opslein troch Sjanet Wijnia) fan Larissa Smink, kaam Makkum op in 5-2 foarsprong. Doe moast Wommels yn de efterfolging en dat like ek te te slagjen, al gie it dreech. Wommels makke fiif earsten gelyk troch ien kear op 6-4 en twa kear seis gelyk it earst te pakken. Yn it lêste earst lieten de froulju Smink efkes harren kwaliteiten sjen troch trije ballen oer de boppeline te slaan. Larissa hie noch in knapper en dat makke 6-2. Nei’t der troch Wommels in keats lein wie, wie it Kim Dijkstra dy’t foar Makkum opslaan mocht. De bal wie plat foaryn en de froulju fan Wommels seagen de bal foar. De karmaster op de foarline seach it oars en joech de bal yn. Dy beoardieling waard troch skiedsrjochter Sipke Hiemstra oernommen en dat makke dat Makkum yn de finale kaam te stean. Yn de finale moast Makkum it opnimme tsjin Grins, dat mei Anne Monfils in echte topkeatster yn hûs hat. Sy liet yn Mantgum sjen dat se oer útsûnderlike kwaliteiten beskikt, sawol oan de stuit as yn it perk. Mei help fan Hiske Zeinstra foaryn en Aletta van Popta as de foarminst opslagger, wie Grins frij maklik oant de finale kommen. Dêr troffen se dus Makkum, dy’t yn de heale finale sjen litten hienen dat se net bang wienen foar in op papier bettere tsjinstanner. Dochs wie it Grins dat better út de startblokken kaam en al gau mei trije om ‘e neat foar kaam. Dêrnei pakten sy beiden in buordsje, wêrtroch in 4-1 oan de tillegraaf kaam te hingjen. Mei in boppeslach op 6-6 hold Larissa Smink Makkum noch yn de wedstriid en makke der 4 om ‘e 2 fan. It sande earst like ek nei Makkum te gean, se kamen mei 6-2 foar. Mar op dat stuit wie it Anne Monfils dy’t efkes op stie. Se sloech ien boppe, Anouk sloech ien bûten en op 6-6 wie it wer Anne dy’t MANDEGUOD 41

44 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication