15

“Lytse PC” Sneon 12 septimber waard troch Keatsferiening Jacob Klaver, de 65e Lytse PC organiseard. Foar ús doarp fansels in tradysje. In protte prachtige partijen binne hjir oan’t hjoed de dei ta op dizze earste klas partij keatst. Yn it ferline kamen d’r in protte belangstellenden en keatsers op ôf. Goed 50 partoer op’e list wie hielendal gjin wûnder. De measte keatsers lieten dizze partij net oan harren foarby gean. It wie eins in must. Sjogge wy nei hjoed de dei, dan hâldt it mei in lytse 20 partoer wol op. Hawar, dizze sneon wie it in dei mei wat frjemde bokkesprongen. Der stiene sa’n 17 partoer op de list. Spitich genôch hiene 8 keatsers har ôfmeld. Hold dus yn, dat d’r noch mar 14 partoer oer wiene. Dêrom waard keazen foar ien fjild mei trije perken sadat it keatsen dochs oan’t rom yn de middei duorje soe. Ik moat sizze, dat hie it bestjoer fan Jacob Klaver aardich goed ynskatten. Oer de hiele dei waard d’r fol fjoer keatst en wat ek opfoel wie, dat de wat âldere keatsers noch hiel goed mei dwaan koene. Ien fan dizze keatsers fierde dy deis ek noch syn 42e jierdei. Der waard fansels oan it ein fan de dei ek noch út folle boarst foar songen. Ek soks heart by de sfear fan ús tradysjonele Lytse PC. Nei in pracht keatsdei (it is lokkich droech bleaun) waard de partij mei it útrikken fan de prizen ôfsletten om hjirnei foar de neisit noch meielkoar nei de Wjukken te gean. Wat dizze kear bot opfoel wie in lytse opkomst kwa keatsers mar ek de belangstelling rûnom it fjild hold net oer. Kom op earste klas keatsers en fansels keatsleafhawwers,.lit jimme wer ris op it fjild sjen. Meielkoar moatte wy der foar soargje, dat wy dizze prachtige keatspartij yn eare hâlde kinne! It besjoer / frijwilligers en organisaasje fan Jacob Klaver ferstjinje it! Hette van der Wal oktober 2015 Mandeguod 13

16 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication