58

WERKGROEP HISTORIE MANTGUM De Mantgumer huzen Mantgum, it doarp oan de Mantgumer feart – it sintrum fan hannel. Mantgum – it doarp oan de Swette mei it snikskip foar passazjiers en foar fracht. Mantgum – it doarp oan it spoar – yn it midden fan de 19de ieu, mei dêrom, heechstwierskynlik útwreide – en nei 1972, doe’t de treinen opnij reizigers ynen útstappe lieten, op ’e nij útwreide ta hjoeddeistige proporsjes. Mantgum – in soad kâlde kak of in frijmoedich doarp om te wenjen? Mantgum – hoe’t je der ek tsjin oan sjogge: it is in doarp dat dòchs wol wat hat. Ast fan Ljouwert of Snits ôf oanriden komst nei Mantgum ta, sjochst as earste de grutte tsjerke mei syn (hjir op ’e klaai teminsten) ûngewoane wytbepleistere muorren. Al foar it jier 1500 oerhearske de tsjerke it Mantgumer doarpsbyld: om 1500 hinne is de eartiidske tsjerke ôfbrutsen en op de fûneminten fan de âlde waard de ‘nije’ tsjerke boud. De giele kleastermoppen en in soad nije reade bakstiennen waarden brûkt foar de bou fan dizze nije tsjerke. Troch ferbouwing yn 1866/67 hat de tsjerke in opmerklike stâlferwikseling ûndergien: it boppeste part fan it midsieuske dak waard ferfongen troch in nij dak, en oan de binnenkant sit it ikehouten goatyske tonferwulf ferburgen ûnder it stúkwurk. Ek waarden der mear ruten oanbrocht yn de tsjerke. Om dy tiid hinne waard ek de steatige pastory boud, mei syn krúsfoarmige plattegrûn, wat resultearret yn in útdoar yn it midden fan alle fjouwer gevels. Ek de tsjerketoer waard feroare: de oarspronklik stompe toer waard ferfongen troch in ‘moderne’ mei in spits. Dat hie sa syn redenen: Thorbecke wie fan doel om alle tsjerklike besittingen te naderjen. No, dat like net elke tsjerkfâdij sa’n goed idee, dat in hiel soad ha de pot earst mar opmakke. Dat sadwaande ha in hiel soad tsjerken yn dy tiid 56 Mandeguod

59 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication