59

in moderne toer krigen – hiene se dàt mar al fêst. Dat mei Thorbecke is him úteinlik ek net wurden – it hie dus achterôf sjoen eins net hoegd, mar ja... As jimme noch ris by ús yn ’e hûs it skilderij fan it skip fan Sintenuten sjogge, dan is dat in hiel oar ferhaal werom’t hjir yn Fryslan in protte sealtektuorrren steane yn stee fan spitsen. Dat strookt wer net mei Thorbecke, mar dat ferhaal fertel ik in oare kear wol ris. Yn dy selde tiid, om 1870 hinne, waard de midsieuske ringmuorre om it tsjerkhôf hinne ferfongen troch it jitizeren stek dat der no (in jier of wat lyn prachtich restaurearre) noch stiet. Mar it is net foar neat, datst de tsjerke as earste en foarnaamste byld sjochst: de tsjerke fan Mantgum wie ryk, tige ryk. Mar dat hat ieuwen lang de Mantgumers ta foardiel west: yn 1835 b.g. hie de tsjerke sa’n 7.500 gûne posityf saldo en dêrfan waard net allinne in bûtengewoane reparaasje oan de tsjerke bekostige, mar ek kaam der in reinwettersbak ‘ten algemene nutte’ tsjin de tsjerke oan, der waarden inkele diken fan bestraat, en der kaam in brânspuit foar it doarp. Ek de skoallen waarden troch de tsjerke opset: net allinne de legere skoalle, eartiids begûn yn it eardere konsistoarjegebou (no it túnûntwerpburo fan Nico Kloppenborg), letter dêrneist yn it deeglike O.L. School-gebou (dat om-ende-by 2000 ta wenhûs ferboud is troch Jehannes en Jannie Epema). Ek de Bewaarskoalle waard troch de tsjerke stifte. Oerdeis boarten de beukerkes dêr en nei fjouweren krigen de gruttere famkes dêr naailessen. Lang hat der yn Mantgum ek in lêsbibleteek west dy’t de tsjerke foar de ynwenners opset hie. Ien kear yn ‘e wike koe men boeken liene, meastal by ien fan de tsjerkfâden oan hûs. Mei uteraard allinne mar de yn dy tiid gongbere boeken, de bestsellers. Romans dus, en uteraard gjin Frysk, salang as dat tsjinholden wurde koe! Mandeguod 57

60 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication