13

rinnen as semi-juf of -master. Dêr oan werom tinkend, konkludearret Ida dat dit soarge dat der in goede bân mei de âlders ûntstie, âlders wisten wat der barde tidens de pjuttemoarntiden en waarden belutsen. Se hat der goede freondinnen oan oerhâlden. De belutsenheid fan de âlders is de ôfrûne jierren net feroare, al stean se no net mear mei foar de klasse. Prachtich sa as alle âlders om de Sinteklazetiid hinne oan it knutseljen binne mei elkoar om it sint-pakje foar harren eigen bern te meitsjen. Sowieso, wat is (oh nee: wíe) de sinteklazetiid in prachtige tiid op skoalle. Spannend foar de bern, mar ek sa moai om te sjen hoe’t guon brutale aapkes dan ynienen hiel stil wurde kinne en oarsom guon skruten bern samar by Sint op skurte sitte wolle. Ja, dat is miskien wol de moaiste perioade fan it skoaljier. Alhoewol, nei de pleats nei de lamkes wie ek altyd in slagge dei. Earst by boer de Jong en letter by Kalverboer. Op deze foto staan ook nog oudleerlingen: Ylse Noorman, Skelte Anema, Pieter Kaversma en Maaike Kuipers. Zij hebben allen in het verleden bij juf Ida in de klas gezeten, en hun kinderen hebben het afgelopen jaar bij juf Ida in de klas gezeten MANDEGUOD 11

14 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication