25

Yn de heale finale, we kamen yn Mantgum op de fjouwer út mei in spannende partij tusken alwer Auke Boomsma en Lieuwe van der Werf. Wêrby de lêsten oan it langste ein lutsen, mei 5-5 6-4 waard de partij beslikke. De oare heale finale waard ienfâldich wûn mei 5-1 troch Bauke Triemstra, se hiene de hiele dei noch gjin grutte tsjinstân hân. En doe moast der keatst wurde foar in plak op it boerd foar 2020. In finale wêrby Bauke Triemstra en syn maten flot útein setten en 3-0 foar kamen. It partoer fan Lieuwe van der Werf kaam der net oan te pas. Se diene in bytsje wer werom, mar it die gjin fertuten mear, de lêste slach wie fan Bauke Triemstra mei in boppeslach op 5-3 en 6-2 om hast fiif oere. Bauke waard ek útroppen ta kening fan de 70ste PC. Dermei kaam in ein oan in prachtige keatsdei, de lêste KNKB partij yn Mantgum fan dit aparte keatsjier 2020. Jan Heida foto: Rinze Westerdijk MANDEGUOD 23

26 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication