39

Wat hinget der by dy oan ‘e muorre? Fan alles wat……….. As je by ús der yn komme, sjogge je daliks al wat oan de muorre: in skilderij mei wetter en boaten. Dat wat in hiele wichtige rol yn ús libben spile hat. It is al âld want myn âlden krigen it op harren troudei, it hong altyd by ús thús yn de keamer op de pleats. Kom je fierder dan is der “De See”, in grut skilderij fan Peter Vassilev, dat wy kochten yn de njoggentiger jierren en wêr’t ik no noch wei fan bin. Ik ha altyd wei fan see en wetter west. Ja, hoe kin it ek oars, it hat altyd tige bepalend west yn myn libben. En dêr hat myn ferhaal fierders mei fan dwaan. Dy jûns dat ik skille waard mei de fraach oft ik wol in stikje foar Mandeguod skriuwe wol oer “Wat hinget der by my oan de muorre” wiene Brecht en Joost - ús bernsbern - by ús útfanhûs. We hiene dy deis yn de doaze sjoen dy’t by ús yn de keuken oer de flier stiet, want nijsgjirrich as bern binne hiene se der al yn sjoen en eins foel it tige ôf, allegearre loftpostbrieven. Doe moast der fansels útlis komme en sadwaande rekke beppe oan it ferhaal oer pake en harsels. Pake (Gerryt), seeman, en ik learden elkoar kennen en rekken fereale. Mar MANDEGUOD 37

40 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication