41

ja doe moast hy wer nei see en begongen de brieven. Yn dy tiid hiene je gjin smartphones, je koene elkoar net iens belje fan see ôf, gjin appkes, gjin mailtsjes, hielendal neat. Allinne yn bysûndere gefallen Radio Scheveningen. Dêrwei kaam dan in tillegram. Mar hawar, wy diene it mei brieven en eins is dat folle moaier, want je kinne alles wer lêze, it stiet swart op wyt. Ik ha harren stikjes út de brieven foarlêzen en dan komme der hiele moaie petearen op gong en je reitsje sels hielendal werom yn dy tiid, ja, je wurde hielendal nostalgysk. Doe’t de bern jûns op bêd wiene bin ik noch wat troch gongen en dan sjogge je in hiel tiidsbyld oan je foarby gean. Der binne saken dy’t je alhiel fergetten binne en somtiden steane de bylden je noch tige helder foar eagen. Ik ha altyd sein dat ik der letter in boek fan meitsje soe, mar dat liket my no net sa sinfol mear. Mar de brieven, ek dy fan Gerryt oan my, binne der noch. En al hinget it net oan de muorre, it is in ferhaal fan ús yn in protte kleuren en bylden en sadwaande dit ferhaal fan my. We ha lykwols ek genôch oan de muorre hingjen: Janneke’s, in Gerlsma, in Scholte Albers en in pear fan my sels. Wolle jim se sjen, kom mar del! Ik soe de pinne graach trochjaan wolle oan Ellen van der Weide. Gjetsje Terpstra-Stenekes Kollekte foar de Kankerbestriding (KWF) Ek dit jier ha wy wer in moai bedrach ophelle! De kollekte foar KWF hat € 963,68 opbrocht. In ‘dikke duim’ foar alle ynwenners fan Mantgum dy’t wat yn’e bus dien ha of de QR-code brûkt ha. En alle ‘kollektebusrinners’: tige tank foar jim ynset! Coby Kirkenier MANDEGUOD 39

42 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication