58

58 Mandeguod In lytse ympresje fan Tusken Tsjerke en Kroech Wat moai dat dit barren no wer trochgean koe. Moai waar en in tsjerke fol folk. Even lotsjes keapje en genietsje fan it frouljuskoar “Blinder”. Dan yn optocht nei de Wjukken, dêr’t fan allerhande lekkers ree stie en dêr’t we ferskate gerjochten priuwe koene. Efkes by de pryskes fan de ferlotting del – je witte mar noait, no?! Doe waarden de groepen yndield en hearden we by hokker gids wy ús oanslute moasten. Dan de buorren troch, nei de lokaasjes, dêr’t we trakteard waarden op muzyk, ferhalen, toaniel en film. Wat in organisaasje! Wer oankaam yn de Wjukken, foar in neisit mei in drankje en in moai stikje muzyk, seagen wy werom op in hiele moaie jûn. Frânske Swierstra-Bakker

59 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication