10

In nij teater- en muzykselskip yn Fryslân! Mei grutskens presintearret ‘Hy en Sy’ de Frysktalige muzykfoarstelling ‘Alles op Oarder’. Op 28 novimber spylje wy ús foarstelling by Café Bonnema yn Mantgum. Untstean As ôfskie fan Friesland Bank dy’t oernaam is troch Rabobank, skreau âld-wurknimmer Hette van der Wal it muzikale programma ‘De Toscaanse Kapel’. Mei kollega’s, freonen en famylje hat er dit yn besletten kring sjen en hearre litten oan syn (âld)kollega’s. It waard in grut sukses en dêrom hat in oantal fan dizze minsken besletten om de wrâld yn te gean mei in nij programma foar in grutter publyk. Hy en Sy Mei de komst fan it nije programma ‘Alles op Oarder’ waard de namme fan ús selskip berne: Hy en Sy. Yn dizze formaasje wurde Mantgumer Hette van der Wal (teksten, spyljen en sjongen) en âld-Baarder Greetje Wiersma-de Groot (spyljen en sjongen) muzikaal begelaat troch Bert Ponjee (gitaar), Jelmer van der Wal (basgitaar), Piet Commandeur (akkordeon) en Klaas de Jong (slachwurk). Alles op Oarder ‘It is tiid om de souder ris goed op te rêden. Der leit fierste folle âlde rommel dêr boppe. Mar in souder opromje is noch sa maklik net. Dêr moat goed oer neitocht wurde, want mjitte is witte. Alles sil no op oarder en werom nei de basis. En tink der goed om, want foardatst it witst bringt dat âlde guod dy werom nei it ferline en dêr hat net ien wat oan!’ 8 Mandeguod november 2015

11 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication