‘Alles op Oarder’ is in muzykfoarstelling oer de feroarings yn de hjoeddeiske maatskippij en wat dy feroaringen mei ús dogge. Mei nije teksten op bekende meldijen en ferhalen oer nostalgy en feroaring bringt ‘Hy en Sy’ it publyk yn ekstaze. De regy fan de foarstelling is yn hannen fan Wouter van der Wal. Wy noegje jim fan herte út om op 28 novimber mei ús “de souder op te rêden”. De foarstelling begjint om 20.30 oere, de seal is iepen fan 20.00 oere ôf. Kaarten kinne by Café Bonnema reservearre wurde, til. 058 - 2897578. Foar ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei: Hette van der Wal Til. 058 - 250 16 06 as mei Greetje Wiersma-de Groot Til. 06 13 30 41 85 Kaarten kinne reservearre wurde op iepeningstiden fan Woansdeis oant en mei Sneins fan 17.00 oere ôf op tillefoannûmer 058 - 2897578. november 2015 Mandeguod 9
12 Online Touch Home