ferkear oer de terp wat de nedige trillingen feroarsaket. Dêrom is foar dy beide peallen wol beton as ekstra fundearring brûkt. Foar de oare balústers moast in wat oare, ekstra fundearring betocht wurde om tsjinwicht te jaan oan it swiere ferkear. De oplossing wie om in peal djip yn de grûn te slaan, en dêr de (fan binnen holle) balúster omhinne te skowen. De tuskenlizzende stekjes wurde as in puzel yn de balústers skood, en sa is alles yninoar set. Yn prinsipe komt der gjin skroef of moer oan te pas. It hiele stek is ek mear as in heale meter heger kommen te stean as eartiids. “Wat stiet it der prachtich strak by!” sizze in soad minsken. Wel… sjoch mar efkes better. Sa’k sei, alles wie nûmere, en alles is ek op nûmer op itselde plak weromset. Mar ast goed sjochst is it iene stekje heger, breder of skever as it oare, sommige balústerkoppen binne heger as oaren, en gean sa mar troch. It wie doedestiids hânwurk, en dat is it no noch. Boppedat: fan it begjin fan it (36 meter lange) stek oan ‘e ein ta sit in hichteferrin fan sa’n 75 sintimeter. Mei oare wurden: it is hielendal net rjocht! It moaie is, datst dat der eins net oan sjochst. Doe kaam uteraard noch de ôfwurking. Om net it gefaar te rinnen dat we mei de meanmasine tsjin it stek en de skoaren oan ride en it stek sa wer skansearje, moast der wat ûnder it stek lâns. Eartiids hie men der wol gieltsjes ûnder lâns, skulpen of grind. Wy ha foar it lêste keazen. Betsjut wol dat ik yn dizze tiid fan it jier de hjerstbledsjes dêr wer mei de hân tuskenút fiskje moat, mar it is net oars. It blêdblaasmasine-gehalte yn ús buert is tige heech, mar om’t Piter Bouma en ik beide o sa it mier hawwe oan de alderheislikste herje fan dy apparaten, sjogge jimme my gewoan op ‘e knibbeltjses yn de grindrâne om de saak wat himmel te hâlden. Och, ek wòl sa gesellich – der bliuwt fêst wol immen stean foar in praatsje! Lys Scarse foto’s: David Scarse Mandeguod 9
12 Online Touch Home