16

Tún yn it skaad ûnder de stobbewylch dêr’t de sinne amper komme kin lizze de fergriemde wurden fan flugge leagens en moaie praatsjes as de brune blêden fan de lêste hjerst mei de rook fan wiete grûn en skiere skimmel dêrneist leit in kroadfol oan gedachten dy’t it brein bestookten mar der net ta diene want al âld, fan juster of noch folle earder op de sleatswâl yn it fitergers leit in protsje miste kânsen njonken in nustje tinne idealen as hekkelrûchte yn desimber toar en brún mei giele snilen en stjonkend nei bedjer út ‘e bûkehage kypje tear as nije knoppen wat noch net ferfolle winsken, grien en ûnbedoarn, no noch frij fan rûpen yn ‘e lijte fan it skuorke it waarmste hoekje fan it hiem, húsmanje oantinkens yn’t klimmerblêd as bliere bûnte klysters op it nêst yn maaie dan de dreamen, myn dreamen wrakselje tsjin de dwylsin fan de hoannepoat dy 't mei syn wite klauwen steech en hast ûngemurken mar as in diktator sûnder moederaasje besit nimt fan it hiele griene ryk de dreamen ha it dreech mar wachtsje mar oant aanst de revolúsje nei de earste nachtfroast fan oktober… Henk Nijp 14 Mandeguod Winnende fersen Rely Jorritsma-prissfraach 2016

17 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication