Ledepartijen keatsferiening Jacob Klaver Op snein 8 maaie begûn it ledekeatsseizoen mei de jierlikse BBQ partij. Twa jier ferlyn koe der troch it minne waar net keatst wurde mei dizze partij, mar dat wie dizze snein wol oars. Mei sawat 25 graden wie it in prachtige keatsdei. De partoeren wiene yndield yn twa klassen. In manlju’s klasse mei 10 partoer en in froulju’s klasse mei 5 partoer. Foar de bern wie der wer in springkessen en nei de tiid koene de leden fan KF Jacob Klaver ûnder it genot fan in pilske genietsje fan in hearlike BBQ fersoarge troch ús sponsor Wiersma Tentenverhuur-Partyverhuur-Catering. Op snein 5 juny stie de twadde ledekeatspartij op ‘e aginda, ‘de Jonker Sikke partij’. Mei de Jonker Sikke partij is’t altyd sa dat der trije kear lotte wurdt. Eltsenien keatst trije kear mar hat eltse kear wer oare maten. Wa’t oan it ein de measte earsten foar en minste tsjin hat wint in itensbon fan Ytkafee Jonker Sikke te Jellum. Der stiene 18 keatsers op ‘e list, eltsenien wie fûl om dy itensbon te winnen. Oan it ein fan de dei wiene der trije keatsters dy’t 21 earsten hiene. It siet allegear ticht by inoar. Mei 10 earsten tsjin wie de tredde priis foar Wisse Arendz. Mei 8 earsten tsjin wie de twadde priis foar ús nij lid Bauke Jongbloed. 1e mei 6 earsten tsjin wie Jelle Terpstra. Hie gie der fantroch mei in prachtige itensbon. Op woansdei 8 juny waard der op de Om 'e Terp, Swannedrift/Master Jansenstrjitte keatst. It strjittekeatsten is ek al jierren in bekende partij op de wedstriidaginda fan it keatsen. Earst soe dizze partij yn maaie ferkeatst wurde, mar fanwege in soad oare aktiviteiten op dy datum is it strjittekeatsen ferskood nei dizze dei. It wie in kâlde jûn, mar dochs stiene der 16 keatsers op ‘e strjitte om foar de titel strjitkeatser fan 2016 te striden. De finale gie tusken de twa ‘Bonekampen’ Jouke en Reinder. It partoer fan Jouke Bonekamp mei Jennie Terpstra wie krekt wat te Mandeguod 43
46 Online Touch Home