sterk foar it partoer fan Reinder Bonekamp en Gjalt de Groot. Ignas Dijkstra en Rutger Fopma waarden tredde. Freed 24 juny stie de tredde edysje fan it Buertsjekeatsen op it programma. Der stiene dit jier tsien buerten op ‘e list. Der waard wer mei in grutte bal keatst sa’t eltsenien meidwaan koe. Dit soarge wer foar fantastyske tuskenspullen en moaie aksjes. Yn de finale stie it partoer fan de Hegedyk tsjin it partoer fan de Wâl. It partoer fan de Hegedyk mei Abe Jepma, Ignas Dijkstra en Rene Dijkstra wie mei 5-2 krekt wat te sterk foar it partoer fan de Wâl mei Jan Reitsma, Pieter Klaversma en Willem Reitsma. Op snein 3 july waard foar de twadde kear de keetpartij organisearre. In partij dy’t ferline jier opsetten is troch keatsferiening Jacob Klaver en de pleatslike keet “it Bierfiltsje”. By dizze partij waard der trije kear lotte en der waard wer keatst mei in grutte bal. Der wiene in soad bekende gesichten, mar ek in oantal nije gesichten. Eltsenien wie hartstikkene fûl om dy krâns mei nei hûs te nimmen. Oan it ein fan de dei die dat ek wol bliken út de einstân. Doe’t ponghâlder Hendrik Poppema alle earsten oan it optellen wie, kaam hy op mar leafst 6 keatsers dy’t 21 earsten foar hiene. Hendrik moast dus de tsjinearsten optelle sa’t we sjen koene wa’t plak ien o/m seis helle hie. Rein Stremler fan De Him gie der mei de 1e priis fantroch. Jouke Bonekamp wie 2e mei 4 earsten tsjin en Marco Lobregt wie 3e mei 5 earsten tsjin. Nei’t de priisútrikking dien wie en it fjild wer kreas opromme wie, setten de keatsers ôf nei de keet om der ûnder it genot fan in drankje en in stikje fleis de dei mei ôf te slúten. Mandeguod 45
48 Online Touch Home