49

Freedtejûn 15 july wie it famyljekeatsen. Der stiene 12 famyljes op it fjild om te striden om de beste famyljekeatsers fan 2016 te wurden. Bekende keatsers út Mantgum, mar ek in oantal nije gesichten út ûnder oaren Grins wiene optrommele om hjir oan mei te dwaan. De 1e priiswinners wiene heit Sjirk Gjalt en soan Gjalt Sjirk de Groot. Sy wiene yn ‘e finale krekt wat te sterk foar it partoer Terpstra/Koldijk mei Jelle, Joke en Jennie. De tredde priis wie foar Albert Reitsema en syn dochters Thalia en Elaine. Snein 11 septimber wie alwer de lêste ledepartij fan 2016. De Ids van der Ende partij is al jierren de ôfslutende partij fan it seizoen. Út de ferhalen dy’t ik faak fan minsken út it doarp hear gie myn pake ‘Bakker Ids’ eltse dei te suteljen. At der it wykein wer in keatspartij wie hie hy de list yn 'e koer en sa gie er lâns de doarren om keatsers op ‘e list te krijen. Tsjinwurdich gie’t it net mear fia in list lâns de doarren, mar fia in whatsapp. Foar dizze partij binne der ek wer in soad appke’s de doar út gien. Wat resulteerde yn in A-klasse fan fjouwer partoer en in B- Klasse fan fjouwer partoer. Yn de A-Klasse gie de 1e priis nei soan Gosse van der Ende, mei syn maten Albert Tilma en Arjen Talsma. 2e priiswinners wiene Jan Heida, Jennie Terpstra en Wisse Arendz. Yn de B-Klasse wie de earste priis foar Jurian Tolsma en Jouke Bonekamp. De 2e priis wie foar Jelle Terpstra en Reinder Bonekamp. It wie wer in prachtich keatseizoen. Wy wolle eltsenien tank sizze foar harren ynset en hoopje dat jim der takom jier allegear wer by binne. Út namme fan Keatsferiening Jacob Klaver Lyssa van der Ende Mandeguod 47

50 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication