hinne wolle om wat mei de minsken te praten en spultsjes te dwaan. Moandei sille se dus noch in kear hjirhinne. Tongersdei mar ien rit omdat it nochal fier fuort is: Gönc. It opfangtehûs foar bern is ferhuze nei in nije lokaasje. Wy krije in rûnlieding fan de learares dy’t goed Ingelsk praat. De bern binne no yn groepen fan 20 ferdield oer fjouwer huzen. Sy binne der in stik op foarút gien. Mar ek hjir in soad problemen mei jongeren sadat it wurk der net makliker op wurdt. De lieding stiet mei de rêch tsjin de muorre want de bern meie net binnenholden wurde. Nei in bakje kofje en tee ride we werom. Underweis in prachtich útsicht oer de bergen. In plak om ek in kear as toerist hinne te gean. Freed hoegden we allinne noch mar nei it Reade Krús. Wol twa kear riden omdat der ek wat oare dingen mei moasten. In pear ledikantsjes, matrassen, buggy en maxi cosi. En wat hiel bysûnders: trije troujurken. Miskien dat se de jurken útliene kinne oan minsken dy’t dat oars net betelje kinne. Ek hjir frege om foto’s fan it útdielen. It Reade Krús hat it hjir drok hân mei de flechtlingen. Sy hawwe frijwilligers nei de grins stjoerd en in pear groepen nei Grikelân. Frijwilligers fine giet hjir in stik dreger as by ús. It Reade Krús is wol hiel bekend, mar de hâlding tsjinoer flechtlingen is net altyd even posityf. Foaral minsken dy’t net safolle te besteden hawwe, kinne allinne mar de staatstelefyzje en –radio ûntfange. Dei yn, dei út krije se de propaganda fan de hearskjende partij te hearren. Wat dat oangiet is it wol wat te fergelykjen mei Ruslân. Nei de lunch geane wy noch mei Julia, ús tolk, nei it tehûs dêr’t sy wurket. Wy sjogge dêr in snoezelromte en de materialen dy’t sy brûkt foar basale stimulaasje. Foto’s makke foar de learlingen dy’t mei dit projekt dwaande binne. En dan om fjouwer oere kinne wy de karre wer ynleverjen. Wurch mar foldien fan dizze bysûndere wike. It is yninsyf, mar wy krije der ek in soad foar werom. Sa as bygelyks: twa grutte doazen mei appels!? (mar oan de keuken hjir donearre), sûkelade foar de bern en palinka foar Jelle. Mar ek bysûndere moetings en moaie ferhalen. Jimme tige tank foar alle donaasjes. It ynsammeljen giet gewoan troch, jimme witte ús te finen! Jelle en Renske van der Meer Swannedrift 28, Mantgum Mandeguod 53
56 Online Touch Home