omheech skeaten. Doe hawwe we fan ’t simmer wer aardich wat oerkes yn de foartún omspaand om dat der wer út te dollen. Goeie rie sa as “Efkes mei de gifspuit der oerhinne” ha we mar litten foar wat it wie. As wy krityk ha op boeren dy’t mei gif spuitsje, dan kinst sels net mei de gifspuit oan ‘e gong fansels. Yn de tuskentiid hat der ek geregeld oerlis west mei de mannen fan it boubedriuw, mei Geart Rosier, mei de provinsje en mei Jan Harm Eppinga, de man dy’t alles begelaat hat. Ien fan de betingsten fan restauraasje is dat it stek wol sa folle mooglik yn âlde steat werombrocht wurdt, en dan op de wize sa’t it eartiids gong. Dêrom is der ek ûndersyk dien nei de oarspronklike kleur ferve dy’t op it stek sitten hie. Nettsjinsteande alle ‘momumentale roest’ dy’t op it stek siet is der wol in kleur útkommen: in bytsje feal donkergrien. Wy hawwe lykwols dochs keazen foar in justjes donkerder griene kleur, better passend by de kleur fan it stek fan ús buorlju Herman en Nella en by de kleur fan it tsjerkestek. As earste binne alle ûnderdielen strield – en do wolst net witte hoe moai al dy rustige stikken stek dan al wer lykje. Dêrnei is alles repareard, de ûntbrekkende punten en ornaminten binne bymakke neffens de noch besteande punten en ornaminten. Fan de boppeste punten miste eins sa’n 90%, fan de ûnderste ornaminten wie sa’n 90% noch wol yntakt. In pear balústers moasten op ‘e nij makke wurde, de measte balústers koene noch reparearre wurde. Ek de hingsels foar de iependraaiende stekjes binne wer oan de ‘homeiepeallen’ set. In pear kear moast in stikje fan ien fan de lizzende stripen fernijd wurde. Dat kinst dan ek dúdlik sjen, dy stripen binne moai glêd wylst de oarspronklike stripen wat bobbelich en ynrustke binne. Dêrnei is der in sinklaach omhinne kommen – sink hâldt de rust tsjin – en as lêste is der in coating om kommen. Ein augustus, begjin septimber is it stek yn syn hiele hear en fear werompleatst. Te begjinnen mei de beide homeiepeallen mei de draaistekjes. Dêr is wol in konsesje dien troch beton te brûken by de fundearring. Kaam men yn 1880 heechút mei hynder-en-wein foarby, tsjintwurdich denderet der aardich wat swier Mandeguod 7
10 Online Touch Home