11

Frisia1874 By ús lêste gearkomste mei ús leden, op 10 maaie, kaam it idee op om oan it begjin fan it nije seizoen 2017-2018 in jûn te organisearjen foar leden en oare belangstellenden om ris te harsesskrabjen oer it program fan Tusken Tsjerke en Kroech 2018, oer wat der dien wurde kinne soe en op hokker lokaasjes. De opkomst, op 4 oktober, foel ôf: twa belangstellenden! Dat hâldt net oer, nee. Dan docht bliken dat de kommunikaasje net altiten helder west hat en men kin fan alles betinke, mar twa belangstellenden is, litte wy it samar sizze, in lege opkomst. Nettsjinsteande dat hawwe wy in fruchtbere jûn hân, der hawwe in protte dingen op it aljemint west en earlik sein kriget 7 april 2018 al wer wat stal. Dochs soene wy it op priis stelle as der noch wat mear ideeën oandroegen wurde foar in moai programûnderdiel. Jimme witte, in aktiviteit op lokaasje duorret in lyts healoere en der moat wat ynsitte fan toaniel, muzyk, dûns, skriuwerij, oarssein, der moat wat fan kultuer yn sitte. En it moat trije kear foar it fuotljocht brocht wurde fansels. Witte jimme noch wat, kinne jimme sèls noch wat dat jimme ek doarre te toanen oan in fleurich meilibjend publyk? Jou it oan ús troch, oant 15 novimber hawwe jim dêr de tiid foar. Stjoer jim idee nei lkmeer@gmail.com of nei wieke@wiekedehaan.nl en dan kinne wy as bestjoer de dingen meinimme by ús tarieden. It sprekt foar himsels dat oer wat der binnenkomt net korrespondearre wurde kin, it bestjoer is úteinlik ferantwurdlik foar it program! Wy rekkenje op jimme! It bestjoer fan Frisia1874 NIERSTIFTING Ut namme fan de kollektanten wol ik de ynwenners fan Mantgum tige tank sizze foar it moaie bedrach fan € 567,50 dat jimme oan de NIERSTIFTING skonken hawwe. Troch jimme bijdrage komt de draagbere keunstnier, wer't sa'n ferlet fan is, wer in stapke tichterbij!. Groetnis, Jitske Agema-Bijlsma, kontaktpersoan foar Mantgum Mandeguod 9

12 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication