35

Witte jim …dat? Evelyn Bosma, ôfkomstich út Mantgum, promovearre is oan de Fryske Akademie? Hjirûnder in ferslach dêr fan op 02 oktober 2017 fia Omrop Fryslân/nijs: Evelyn Bosma oer har ûndersyk nei twataligens by bern. Twataligens smyt amper foardiel op foar bern. Dat docht bliken út ûndersyk fan Evelyn Bosma. Sy wurke as promovendus by de Fryske Akademy en promovearret moandei yn it stedhûs fan Ljouwert op dit ûnderwerp. Bosma hat trije jier lang bern tusken de 3 en 8 jier testen ôfnaam. Bliken docht dat twatalige bern op jonge leeftyd in soad foardiel ha fan meartalige opfieding, mar dat de ûntwikkeling nei groep 3 wer lyk is mei bern dy’t allinnich in Nederlânsktalige opfieding krije. Bosma hie tocht dat twataligens in grutter effekt hawwe soe op bern. Se is ferrast troch de útkomst fan har ûndersyk, mar hat der wol in ferklearring foar. “Oare saken as bewegen, muzyk en kontakt mei oare minsken binne ek allegearre wichtich foar bern en it soe miskien wol in bytsje gek wêze as twataligens wol in hiel grut effekt hie.” Dochs hoege âlden net op te hâlden mei it twatalich opfieden fan har bern, fynt Bosma. “It jout gjin neidiel, dus der is gjin reden om it net te dwaan. Elkenien moat gewoan dwaan wat er sels wol.” Bosma wurket no oan de universiteit fan Leiden en is dwaande mei in ferfolchûndersyk oer twataligens yn Europa. Dêrby sjocht se nei it skeakeljen tusken it Frysk en it Nederlânsk en wat de effekten dêr fan binne. Mandeguod 33

36 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication