Wy binne los!! Nei in foarljochtingsjûn foar alle minsken dy’t mear witte woene oer it projekt ‘De man dy’t hout dûnsje liet’ op 26 septimber yn de Wjukken, wie de startjûn foar spilers en dûnsers op tiisdei 10 oktober. Willy van Assen en Valerie van de Ridder fertelden entûsjast oer hoe’t se op it idee kaam wiene en hiene in moaie presintaasje mei allerhanne ynspirearjende foto’s. Amarins Jansma wie beide kearen oanwêzich mei ynskriuwformulieren foar de dielnimmers. Fansels wie de stjoergroep der ek by. Om de twa wike wurde de foarderingen bepraat tusken it artistike tiim en de stjoergroep. Foartoan repetearje de spilers en dûnsers elke tiisdeitejûn yn De Wjukken (yn jannewaris yn de tsjerke) fan 19.30 oant 21.30. Mar dêr binne wy der net mei, neist de slach om subsydzjejilden, is der noch bot ferlet fan FRIJWILLIGERS!! Makket neat út welke, ast helpe kinst en wolst yn de oanrin nei it houtfestival, it skoalleprojekt of de teaterfoarstelling: ‘De man dy’t hout dûnsje liet’, lit dan in reaksje achter op: dunsjendhout@danswil.nl Wy binne der hiel bliid mei ast ús mailst! Ut namme fan de stjoergroep en fansels Willy, Valerie en Amarins. Facebook: de man dy’t hout dûnsje liet 38 Mandeguod
41 Online Touch Home