55

Hongarije actie Speculaasactie Vanaf half november komen wij weer langs om speculaas en smulkoek te verkopen. De opbrengst van deze actie gaat naar Het Diensthuis. Het Diensthuis zorgt er al meer dan 35 jaar voor dat er tweedehands kleding naar tehuizen in het noordoosten van Hongarije wordt gebracht. Met het geld van de actie wordt het vervoer van de dozen met kleding bekostigd. Uiteraard is uw tweedehandskleding en speelgoed ook nog steeds welkom. U kunt dit inleveren bij: Jelle en Renske van der Meer Swannedrift 28, Mantgum, 058 250 1044 Rûnbringen klean yn Hongarije Yn april tocht ik noch: soene we fan ’t simmer wol genôch doazen hawwe om rûn te bringen? By it ynladen fan de frachtauto, begjin july, waard dúdlik dat dy soargen foar neat west hiene. Yn totaal wiene der 570 doazen en noch in hiel soad los guod sa as berneweinen en ledikantsjes. No wie myn grutste soarch: Hoe krije wy dat yn in wike teplak? Foarige jierren koene we 450 doazen krekt rûnbringe yn in wike en doe hiene we ús famkes mei om te helpen. Dit jier bleaune sy foar it earst thús. Lokkich die bliken dat it allegearre wat tafoel. De bewenners fan it tehûs yn Kisléta hawwe geweldich holpen mei it sortearjen fan de doazen en it ynladen fan de karre. Boppedat koene we dit jier in gruttere karre regelje. Sa koene we yn ien rit meardere tehuzen besykje en hoegden we minder faak hinne en wer. De earste wike fan ús ferbliuw hawwe we foaral dwaande west mei it sortearen, it regeljen fan de karre en it meitsjen fan in yndieling. Hiel wat ôfswitten want we hiene wer temperatueren fan mear as 35 graden. De Mandeguod 53

56 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication