twadde wike doe’t we losmoasten mei it rûnbringen wie it lokkich wat koeler. Moandeis wie it noch spannend oft de karre der wol wêze soe, it bliuwt fansels wol Hongarije dêr’t de ôfspraken net sa krekt komme. De earste rit wie nei it psychiatrysk tehûs yn Nyírbéltek. Nei it middeisiten weromriden nei Kisléta en ynladen foar de skoalle + opfang yn Matészalka en de deiopfang yn Nabrád. By de earste krige we in rûnlieding fan in learaar dy’t in skoft yn Fryslân wenne hie. By de twadde krigen we jûnsiten oanbean. Noch in spannend ritsje, want we moasten mei de grutte karre op in lyts pontsje oer it wetter. Op sokke mominten bin ik o sa wiis mei myn koelbloedige sjauffeur. Tiisdei twa âldereintehuzen yn Tiborszálas en Mérk besocht. Foar woansdei stiet allinne Gönc (tehûs foar bern) op it programma. Dat is hast trije oeren riden, dêrom hiene we ûnderweis in picknick. Omdat we de minsken no wat better kennen leare, wurde de gesprekken ek wat makliker. Nei in oerke geane we wer op ‘hûs’ oan. Tongersdeitemoarn earst nei it tehûs yn Nyírbátor, in koart ritsje. Doe nei it blijf van mijn lijf huis yn Nyíregyháza. Sy krije û.o. klean fan de breiklup yn Hurdegaryp en se sizze ta om foto’s meitsjen fan it útdielen. Feije hielendal bliid want dizze middei geane we earst nei Berettyoújfalu en op de weromreis kinne we de famkes fan it fleanfjild helje. Sy komme de lêste wike noch by ús fakânsje hâlden. En dan is de wike al wer hast om. Tradysjegetrou geane we dizze lêste dei nei it Reade Krús. In hiel soad doazen en oar spul foar harren dit jier. Mei ús tolk, Julia, geane we middeis noch mei in rollator en in âlde waskmasine nei in echtpear op jierren. En dan witte we wer wêrom’t we dit dogge. De frou stiet te gûlen omdat we dit by harren bringe. It bliuwt tankber wurk om te dwaan! Mandeguod 55
58 Online Touch Home