Nieuws van het BijenFlinterLint (Keal is neat) Rûch is it nije moai Freed 28 septimber wie in minne dei foar it BijenFlinterLint. Moarns seagen wy dat de insiedde bermen tusken Tsjeintgum en Lucht en Veld kompleet keal meand wiene. Letter die bliken dat itselde jildt foar de bermen tusken Lucht en Veld en Jorwert, by it Hoxwiersterbinnenpaad lâns en ek by it paad fan de Hegedyk nei de Swette del. De bermen wienen noch prachtig moai yn ‘e bloei, de wiete en warme neisimmer hat in skitterende twadde bloei jûn, ik telde de deis derfoar noch wol 10 - 12 ferskillende bloeiende blommen….. Om te gûlen, sa alderferskuorrendst slim. Safolle bern by belutsen, safolle partikulier jild fergriemd, safolle enerzjy en tiid ferlern. De ôfdieling Grien fan de gemeente Ljouwert fûn it ek spitich, it hie net de bedoeling west. It leanbedriuw, dat letterlik alles ien kear yn it jier meant, hat der gjin each foar hân. Moraal fan it ferhaal: takom maitiid op ‘e nij besykje safolle mooglik bermen in te siedzjen, en dan noch better beskermje tsjin masines, net allinne mei buordsjes, mar ek mei linten ensafuorthinne. Underwilens hat de Grienôfdieling fan de gemeente Ljouwert witte litten graach mei bewenners yn petear te gean oer it grienbelied. Wy binne fan doel yn it winterskoft trije jûnen te organisearjen yn Weidum, Easterlittens en Mantgum, al dan net yn gearwurking mei de ferskate Doarpsbelangen. Hâldt de Mandeguod yn ‘e gaten, jo binne fansels tige wolkom!!! Anna Christien Piebenga, BFL Nij Baarderadiel Mandeguod 9
12 Online Touch Home