Iepenloftspul Jorwert Septimber wie in moanne fol muzyk; 14 kear mochten wy de taskôgers fan Iepenloftspul Jorwert fermeitsje oant foarsitter Harry Kaspers it wurd naam. It stik fan dit jier ‘De famylje Bellier’ wie opnij in boppeslach foar it Jorwerter iepenloftspul, de reaksjes dêr op wiene hertferwaarmjend. Oant takom jier! Sneintemiddeikonsert Uniastate Snein 23 septimber sleat Uniastate Bears it seizoen ôf mei in dûbelkonsert fan manljuskoar ’t Franeker Akkoord en it koperensemble fan Harmonie Weidum, beide ûnder lieding fan Ria Fennema. Hjerstich waar soarge foar in smûke, folle tsjerke wêryn’t de muzyk hiel goed ta syn rjocht kaam. Fernijing Sûnt 2012 hâlde wy ús as muzykferiening dwaande mei fernijing; it finen en opnij útfinen fan jesels. Nei ferskate suksesfolle tema- en bernekonserten wolle wy dizze ynstek ferdjipping jaan. Yn it Friesch Dagblad fan 1 oktober stie noch in artikel wêr’t je wol bang fan wurde kinne: Tusken 2016 en 2017 wie der in daling yn it Fryske ledetal fan sawat 6 prosint, wat stiet foar 400 muzikanten. Harmonie Weidum bestiet dit jier 120 jier, om de feriening klear te meitsjen foar de takomst is der dit neijier in takomst-kommisje foarme. Hasto goeie ideeën of tips; lit it ús witte! Mail dan nei: info@harmonieweidum.nl of skilje Janneke > 058-2519402 Mandeguod 39
42 Online Touch Home