Gewoan mei de post… Us buorman, Herman Hermans, wie al ris earder promovearre, mar fan’t simmer is hy nochris promovearre, nammentlik op de Klassike Taal en Letterkunde oan de universiteit fan Oxford en hy mei no de titel ‘Doctor of Philosofy’ fiere. Miskien kenne jo de man wol hielendal net. Mar goed ek faaks, want hy hat syn hiele libben rjochter west, en bytiden is it mar better om nèt op it bankje foar syn rjochterstafel te sitten… Mar it kin ek bêst wêze dat jo him wòl kenne: hy helpt ús buorfrou Nella faak mei it oplieden fan har blinehûnen. En dan ha jo Nella en Herman faaks wol ris rinnen sjoen, want it ôfrûne jier hiene se sels twá hûnen yn oplieding. Sa hinget it libben somtiden fan tafallichheden oan inoar. Want in jier of seis, sân lyn kaam Herman Hermans der by tafal achter hoe’n prachtige stêd Liverpool is. “Ik was een poosje in Liverpool voor de uitvaart van mijn Tante Tom, toen ik helemaal gecharmeerd raakte door die stad.” Tante Tom, sa fertelt Herman, wie koart nei de oarloch belutsen by de opfang fan Ingelske bern dy’t yn Nederlân oansterkje moasten, en doe’t hja nei de tiid troch ien fan de organisatoaren, in dûmny, frege waard om ek ris nei Liverpool te kommen, naam hja dy útnûging oan. Mar ynstee fan troch de dûmny waard hja op it stasjon opwachte troch Eddy, in jonge widner. En ja hear, love at first sight, dat sa belâne Tante Tom foargoed yn Liverpool. En sa rekke Herman - fanwege it ferstjerren fan Tante Tom - ferslingere oan de stêd oan de Mersey, ‘a vibrant city’, in stêd mei in eigen aksint, freonlike minsken, in haven mei docks, in stêd mei twa katedralen, in Anglikaanske en in Roomske. Dêr is sels in ferske oer skreaun: ‘And if you want a cathedral, we’ve got one to spare!’ Der is ek in tsjerke dêr’t allinne noch mar de muorren fan steane fangefolgen it bombardemint yn it begjin fan de oarloch doe’t de Dútsers Liverpool noch berikke koene mei harren fleantugen. ‘The bombed-out church’ yn de folksmûle. De Liverpudlians litte it sa, as earbetoan oan de slachtoffers dy’t doe fallen binne. It is no in soarte fan iepenloft-teater foar allerhande eveneminten. MANDEGUOD 10
13 Online Touch Home