26 Mandeguod In skelkje en in lyts boesgroentsje Fan ús foarâlden hawwe wy meastentiids net mear it measte guod. De meubels, de kasten, de klean, it diggelguod: it measte is fuort, stikken, opstookt, yn ’e tiid fersonken. Soms bliuwt der wól wat bewarre, dan hat sa’n “ding” in bepaalde lading hân, dan wurket sa’n ding om wat te ûnthâlden fan in minske, om it byld fan dat minske wer efkes foar jin te sjen: in piipútpluzer, in hâlder foar in breidspriem, in spjeldekessen, in doofpot, allegearre noch út de 19de iuw. Der stiet hjir yn ’e hûs in frachtwein fan Lego, Joute hat him yn 2010 op Sinteklaas krigen, deselde jûn noch yninoar setten en it ding hat noait wer útinoar west. As ik him stean sjoch, komt syn byld my altiten wer foar de geast, sittend op ’e grûn tusken it Sinteklazepapier, de boutekening derby en mei ynmoed oan ’e slach. In frachtauto! By it ûntguodzjen kamen wy in âlde kartonearde koffer tsjin, dy kaam fan ’e souder fan myn âlderlik hûs. De koffer sit fol mei tekstyl, in hânmakke ûnderbroek, in pear floddermûtsen (fan twa fan myn oerbeppen binne foto’s wêrop sy in earizer drage, beppe Akke en beppe Tryntsje), in swart ûndermûtske, allerhande oefenmateriaal dat ús mem as famke fan tsien jier makke hat by it “nuttige handwerken”, in pear swarte rouwanten en wat my it measte rekke hat: it skelkje en it wite boesgroentsje fan “lytse Aukje”, it suske dat ús mem, sels fan 1918, krige yn 1920. Aukje wie net sterk, hie, sa’t ik dat begrepen haw, in hertkwaal en ferstoar yn 1924, fjouwer jier âld. Beppe wie doe 34 jier, pake Liuwe 36, se hiene al twa bern en Aukje wie de jongste. Aukje waard oan ’e noardkant fan’e Rottefalster tsjerke begroeven, der kaam gjin stien op it grêf, allinne in beamke jûch letter it plak oan en dat plak haw ik al net mear kend, it beamke wie al fuort. Mar pake en beppe hawwe altiten in pear dingen fan Aukje bewarre, in teekopke-en-pantsje, in foto fan in hûn dy’t boppe it bêd fan Aukje hongen hie en beppe bewarre yn in doaze yn ’e kast in skelkje en in boesgroentsje. Se sil se beide sels makke hawwe, mei de hân, want in naaimasine hie se doe noch net. It is mei grutte soarch dien. Oer Aukje sels waard net in soad mear praten. Pake stoar yn 1968 en beppe oerlibbe har famke 61 jier, se stoar yn 1985 en doe kaam de koffer mei tekstyl by ús heit en mem op ’e souder. Of hiene se him al folle earder? Ik kin it net mear neifreegje. Mar ik wit wól dat
27 Online Touch Home