40 Mandeguod Wat hinget der by Roelie en Rinse oan de muorre? Doe’t we mear as 35 lyn noch yn Ljouwert wennen, wienen we lid fan de keunstútlien dêre. Troch dat lidmaatskip koene je sparje foar in keunstwurk. We ha op in stuit in keunstwurk kocht, dit is in lino fan Frâns Faber, hjirop stiet in ko: Durkje. Dit fûnen we wol tapaslik omdat we op dat stuit al wisten dat we midden yn it greidelân kamen te wenjen, nammentlik oan de Hegedyk yn Mantgum. Letter ha we noch fia deselfde konstruksje in wurk fan Paul Andringa oankocht.
41 Online Touch Home