11

Net elk hoegde lykwols audysje te dwaan: in pear rollen stiene fan te foaren al fêst: Rients Gratama, Aart Staartjes en Elske de Wall. Is de foarstelling bedoeld foar elk tusken de 8 en de 88 jier, de spilers binne èk tusken de 8 en de 88 jier. Sanne (groep 8 fan de basisskoalle) is mei har 11 jier noch net iens de jongste: der is in spilerke fan 8 jier, ien fan 10, 4 fan 11 jier, in stikmannich tusken de 12 en 18 jier, en Elske de Wall is 29, wit Sanne te fertellen. En dan binne der noch in pear útrinners kwa leeftiid nei boppen ta, sa as Aart Staartjes dy’t aardich yn de 70 op rint, en fansels de nestor fan allegear: Rients Gratama dy’t al 84 jier meidraait! Sanne fynt it wol hiel spannend dat se yn in produksje meispilet der’t net allinne Rients Gratama en Elske de Wall yn meispylje, mar dêr’t ek ‘Meneer Aart’ in rol yn hat. ‘Sjoch’, lit Sanne efkes har skript sjen, ‘dêr stiet de hantekening fan Meneer Aart, op de bledside mei de rolferdieling.’ In rol yn sa’n musical betsjut wol: in ôfgryslik soad repetearje. Yn ’t earstoan alle sneinen fan 10 oant 4 oere, mar no is de sneon der ek bykommen. Boppedat komme der de lêste moanne troch de wike ek noch oefenjûnen by, fan middeis 5 oant jûns 9 oere. ‘Mar ús mem fynt oant 8 oere ta lang genôch’, seit Sanne. ‘Want we moatte altyd earst noch opromje, en dan noch nei hûs reizgje, dan soe ik kertier foar 10 pas thús wêze. De oare deis moat ik wol wer wekker op skoalle sitte!’ Mar se hat it der wol foar oer, je ha ek in protte wille op dy repetysjes. As Raymond Guzman - dy’t in tige Ingelsk aksint hat - harren ynstruearret foar de dûnskes, lizze de bern bytiden krom fan it laitsjen, as se syn ‘lllynks, rrrjjechts, lllynks, rrrjjechts’ heare. ‘It dûnsjen is net echt myn ding’, fertelt Sanne, mar se hat in pear jier dûnsles hân, en se kin it wol goed. Sanne giet mear foar it sjongen en it aktearjen. Net dat se in grutte rol hat, mar dat hinderet neat. De lietsjes binne hiel fleurich, en dêr is se goed yn. De measte ferskes binne Nederlânsktalich, mar der sitte ek Fryske sankjes tusken. Clara Rullmann hat de ferskes allegear ynsongen, de bern kinne de lietsjes dan thús – mei in geheim wachtwurd - dellade en oefenje. december 2015 Mandeguod 9

12 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication