25

Mei help fan in aggregaat fan Gerrit en twa klokpompen waard de pream wer driuwend makke. Mar och hea, der stiene in pear “fonteintsjes” op de boaiem fan de pream en doe't de benzine fan it aggregaat op wie sonk de pream wer stadich nei de djipte. Aldergeloks hiene wy de pream yn it feartsje njonken de brêge fearn, dat hy sonk net sa djip. Jimme kinne fan tinken wol hawwe dat it fan 't maitiid der net mear fan kommen is. De pream is ophelle troch Aldeboarnsters. Mei it aggregaat en de pompen oan kaam men deselde deis noch oan yn harren wenplak. Hy waard fuort yn 'e takels set en bruts midstwa. Wat se foar de kilo âld izer bard hawwe sille we wol nea te witten komme. Sa gie ús foarjier foarby. De persoanlike omstannichheden wiene en binne op it stuit net optimaal dat de gong is der no wat út. Wol hawwe wy it oanfarringsskot yn 'e Mantgumersyl ôfmakke en it leit der no moai by sadat passanten en Mantgumers mei wat in gruttere boat no gjin klachten mear hawwe. Preamen en skûtsjes kinne der no sûnder kantroeren troch. Wat spitich is dat we dit jier net de beskikking hawwe oer in skûtsje. Der komt dit jier net in skûtsje yn Mantgum te lizzen, fan de skûtsjes fan Peter de Koe dy't sawat tsien jier ferljochte yn Mantgum leine, sille alle mêsten dizze winter opknapt wurde en allyk sa mei de mêst fan famylje Goedhart. Dat sil foar Sinterklaas in probleem jaan. Fan 't simmer binne der sa'n 50 passanten west en dat is wakker gelyk oan foarich jier. De Mantgumerfeart sil op inkele plakken noch útbaggere wurde en de “fingers” yn de nijbou sille op koarte termyn ek útbaggere wurde yn gearhing mei Wommels, Winsum en Wjelsryp. Wy hawwe de djipten metten en op plakken stie mar 90 sentimeter wetter, yn 10 jier is der dus 50 sentimeter drek by kommen. It bliuwt in ivichduorjende beweging en oer 10 jier moat der grif wer baggere wurde. As de Wietwetterklup dan mar paraat is! We winskje elk goede krystdagen ta en in lokkich nijjier. Skriuwer WWK Teake Oosterbos Nieuwe situatie onder de brug december 2015 Mandeguod 23

26 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication