het weekend kun je haar bellen” ferhaalt Nella. “Ik moet Herman ook in de gaten houden”, laket Nella, “want hij geeft Pippa stiekem vaak nog een extra koekje.” Eins mei Pippa allinne fan Nella mar iten oannimme. Want do wolst net witte wat sommige minder aardige minsken dellizze: giftige gehakballen of bakte spûnzen bygelyks. Wy geane der fansels fan út dat der net sokke minsken yn Mantgum wenje! Mar ek sûkelade, kaugom, ferskate planten yn de tún of sels druven falle net goed yn in hûnemage. Yn prinsipe kostet it dy neat om in blinehûn in jier lang op te lieden: brokjes, de bench, de riemen en de kosten fan de feedokter binne allegear foar rekken fan de skoalle. Ek it treinkaartsje foar de hûn is fergees. It baaske sels moat uteraard wol in jildich treinkaartsje yn ‘e bûse ha. Mar alle tííd en enerzjy dy’st oan de hûn bestegest komt wòl foar dyn eigen rekken… Dan, as it jier om is, moat Pippa noch sa’n 6 moanne nei ‘skoalle’ yn Almere. ‘”Herman heeft nu al buikpijn van het idee dat Pippa straks weer weg moet”, laket Nella. “Hij is helemaal stapel op Pippa!” Oarsom is dat krekt sa! It bart soms wol dat in blinehûn net goedkard wurdt nei dat earste jier, soms om medyske redenen, soms deagewoan omdat de hûn it sels net leuk fynt. Of omdat er dochs noch achter de katten oan sit… Dan kin it gastgesin de hûn keapje, of de hûn giet as selskipshûn nei in oar gesin ta. Yn dat healjier op skoalle kriget de hûn noch in yntinsive training. As de hûn dan definityf tawiisd is oan immen dy’t blyn is of hiel min sjocht, dan kriget dy persoan mei de hûn ek noch twa wike begelieding en training yn syn of har eigen wenomjouwing. De hûn leart dan om fêste rûtes te rinnen, bygelyks nei it stasjon, de winkel of de pinautomaat. Pippa is in Golden Retriever, in populêre hûn foar soksoarte wurk, se binne ek ‘willing to please’. Herders, labradors mar ek krusingen mei poedels wurde in soad foar dit wurk brûkt. Dan krigest ‘labradoodles’, ‘shepadoodles’ of ‘golden doodles’. Poedels binne net allinne tige yntelligint, se kinne ek skeard wurde, in grutte pree as sa’n liedhûn telâne komme soe by immen dy’t allergysk foar hûnehier is. En wat bart der as de hûn âld is? Wel, dan bliuwt er soms by de bline persoan sels, tagelyk mei in nije liedhûn, of hy giet wer nei it oarspronklike Mandeguod 15
18 Online Touch Home