21

Foar de simmer die bliken dat de finânsjes rûn kamen om ek de rest fan it plein oan te pakken. De skoalbern ha in flesse-aksje holden, in sponsorloop rûn en lotten ferkocht fan Jantje Beton. Dêrnjonken hie de skoalpleinkommisje it “iepen mienskipsfûns” fan de Provinsje, de gemeente, de Rabobank en ferskate oare fûnsen oanskreaun. Der wie budzjet foar boarterstastellen en bankjes om op it beukerplein en grutte plein te pleatsen! Foar de sfear en it skaad binne der noch trije beamen plante. Boargemaster Liemburg kaam del om it lint troch te knippen sadat de bern frij wiene om op harren nije plein te boartsjen. Troch it pleatsen fan buorden mei skoalpleinregels hoopje we dat it plein kreas en himmel bliuwt en it foar de skoalbern, omwenjenden en doarpsgenoaten in prachtich plak is en bliuwt om elkoar te treffen en te boartsjen. Mandeguod 19

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication