Na afloop krijgt iedereen het certificaat Klaar voor KH2018. Wie: Alle Mantgumers Wat: Waar: Wanneer: Cursus Kulturele Haadstêd 2018 MFC De Wjukken woensdagavond 13 december 2017, 20.00 uur Wat kost het: Niets U kunt reserveren via de inschrijfmap in mfc De Wjukken of via cultuurcommissie@wjukken.nl Of bel (058) 2501458 (Kees van der Bijl) Skoallen - Yn de tsien doarpen dy't aanst oergeane fan de gemeente Littenseradiel nei de gemeente Ljouwert wurdt folop gearwurke oan saken wer't we alle tsien tsjinoan rinne. Dizze gearwurking ha we gearfet under de namme Nij Baarderadiel. Ien fan de ûnderwerpen is skoallen. We hawwe te krijen mei oare opheffingsnoarmen (hokker binne no noch net bekend). De plattelânsgemeenten ha faaks in wat legere noarm as de stêden. Der wurdt de kommende fiif jier ek krimp (12%) fan it oantal basisskoallebern ferwachte yn ús omkriten. It nije regear liket krekt wer wat mear oandacht te jaan oan lytse skoallen. Sa komt der fan alles op ús paad. De kommende trije jier feroaret der foar de skoallen sels noch neat. Hoe't it nei dy trije jier komt, wolle we net 'lijdzaam' ôfwachtsje. Dêrom sille wy op moandei 27 novimber mei de ôffurdigen fan de doarpsbelangen ús tariede op hoe't we hjir yn 'e takomst mei oan sille. Fragen binne: Hoe wolle en kinne we it primêr ûnderwiis tichtby hûs hâlde, hoe kinne we de kwaliteit garandearje, hoe hâlde we de doarpen oantreklik en leefber. Nei de 27e novimber sille we kontakt sykje mei de meisizzenskipsrieden fan de seis skoallen. Dizze MZR's fertsjinwurdigje it lûd fan âlders en learkrêften. Sa wolle we belutsen bliuwe en oan tafel sitte wer't de besluten naam wurde. Tegearre kinne we in sterk lûd heare litte oan de gemeentepolityk. De skoallewurkgroep Nij Baarderadiel Anke Söhne, Martin Groen, Aukje Bergwerff en Sipke Dijkstra 40 Mandeguod
43 Online Touch Home