Dûnsjend, spyljend en houthakjend troch de tiid!! Wat giet de tiid hurd en wat bart der in soad. Alle tiisdeitejûnen wurdt der omraak oefene yn De Wjukken mei it toanielspyljen en it dûnsjen. Achter de skermen sit de stjoergroep net stil, mar it binne foaral Willy, Amarins en sûnt koart regisseur Rianne Hogeveen dy’t har it (hout-)fjoer út ‘e sloffen rinne om fan alles te regeljen. Sa no en dan krije wy noch in spontane oanmelding om skielk te helpen tidens it houtfestival en de foarstellings. Dêr binne wy hiel bliid om. Op de houthakbuorrel fan freed 20 oktober wie it de bedoeling om de ûndernimmers yn Mantgum en omkriten sjen te litten wat ‘De man dy’t hout hout dûnsje liet’ allegear ynhâldt en wat it projekt foar Mantgum en de ûndernimmers yn Mantgum betsjutte kin. Der kaam út dat wy in soad oan inoar ha kinne, as wy inoar opsykje, kinne wy inoar fersterkje. Op dizze jûn wiene der demonstraasjes fan Banzai-John (hy makke bûtendoar mei in elektryske seage in moaie houten ballerina) en fan houtdraaier Gerrit. Ek wiene de beide timmermanlju Oane-Sjoerd en Jetze van Assen oanwêzich om sjen te litten wat der mei hout allegear dien wurde kin. It rûkte dy jûns hielendal nei hout yn De Wjukken. Dat sil skielk yn febrewaris noch mear sa wêze as der tsientallen demonstraasjes mei hout hâlden wurde (bûten en ek yn De Wjukken!). Wolle jo as ZZP-er of as bedriuw dit projekt ek stypje, dan kinne jo op Facebook sjen by: de man dy’t hout dûnsje liet. Of in mailtsje nei: dunsjendhout@ danswil.nl Dit jildt uteraard ek foar oare minsken dy’t achter ús stean en it projekt in waarm hert tadrage. Alfêst fijne feestdagen. Dansend, toneelspelend en houtkappend bezig zijn!! Wat gaat de tijd snel en wat gebeurt er veel. Iedere dinsdagavond wordt er geoefend in De Wjukken voor de theatervoorstellingen eind februari. Achter de schermen zit de stuurgroep niet stil, maar het zijn toch vooral Willy, Amarins en sinds kort regisseur Rianne Hogeveen, die zich het (hout-)vuur uit de sloffen rennen om alles te regelen. Zo nu en dan meldt er zich nog een vrijwilliger aan; daar zijn we erg blij mee want er is nog veel (leuks!) te doen. Op de houthakborrel op vrijdag 20 oktober voor ondernemers uit Mantgum en omgeving hebben we laten zien wat het project inhoudt en hoe we elkaar kunnen helpen en versterken. Op deze avond waren er demonstraties van BanzaiJohn (hij maakte met een grote motorzaag een ballerina uit een blok hout) en Mandeguod 49
52 Online Touch Home